- 9 - wie gjin echte diskusje; der is mear op basis fan emoasjes praten dan op basis fan arguminten. De risiko's binne foar it grutste part ôfdutsen. Bliuwt allinne de f 350.000,00 ryksbydra- ge oer. Mar dat risiko is net nijHy fynt dat er mei faasje ta útfiering oergien wurde moat en dat dat wolris in ympuls wêze kin om ek oare ynisjativen oan 'e gong te krijen. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tige wiis is mei dit útstel. De rotte kies fan Grou wurdt no einliks oanpakt. Foar de oantreklikheid fan Grou in goede saak. Ek it miljeuprobleem wurdt op in goede manier oanpakt. It jild is dochs wer baas en yn dy sin keart de wâl it skip. Dochs fynt hy dat dit plan best besjen lije kin. Hy hopet dat it oerlis mei de ûndernimmer posi- tyf ferrinne sil. De hear Oosterhof freget oft der al in nij plak is foar de hjoed- deistige gebrûkers De hear Ziilstra freget hoe grut it risiko ryksbydrage is. Syn fraksje hat muoite mei dekking út it Grûnbedriuw omt it Grûnbe- driuw no krekt in bytsje sûn is. Hy fynt dat de dekking fün wurde moat yn de algemiene reserve. Hy hat heard dat de Boarn- sterstim noch gjin ûnderdak hat. Hoe komt dat? Wethouder Van den Berg zegt dat het college het spijtig vindt dat de fractie van de F.N.P. dit plan anders benaderd. De afwe ging van de F.N.P.haven of parkeren gaat voorbij aan de eerste insteek om met dit plan te komen, namelijk de sanering. Oók voor parkeren moet een sanering worden uitgevoerd, maar dan is het subsidiebedrag niet voldoende. Het college meent dat het maken van parkeerterrein niet die opwaardering van Grou tot gevolg heeft die iedereen graag wil. Bovendien zou het wel een bij zonder duur parkeerterrein worden. Zij hoopt dat dit plan tot gevolg zal hebben dat ook andere investeerders met plannen zul len komen. Het college heeft goede hoop op de rijksbijdrage maar het blijft een risico. Als alles goed gaat is er op tijd voor de huidige gebruikers, de Boarnsterstim, Sjde Jong en de gemeente reiniging, een passende oplossing. De foarsitter seit dat it hjir om in te eksploitearjen gebiet giet en dan is it ridlik om in lyts part oan it Grünbedriuw ta te rekkenjen. As der yn 'e takomst in oare wei keazen wurdt sil it Grünbedriuw skealeas steld wurde. As de F.N.P. tsjin dit út- stel is dan stimt hy ek tsjin de sanearing fan it terrein. De hear Van der Baan tinkt dat miskien de BB-bunker in oplossing foar de Boarnsterstim wêze kin. Hy seit dat syn fraksje net tsjin de sanearing is, mar tsjin it totaal-ústel fan it kollee- zje. De lisplakken binne noch djoerder dan parkearplakkenAs der in oplossing fün wie foar de parkearproblematyk wie hie hy it útstel oars beoardiele. Mei dit útstel en dêr is hy wat be- naud foar, wurdt de gemeente aanst twongen ta nije setten, byge- lyks troch de firma De Jong. De hear Van den Berg giet derfanút dat der in oplossing foar de hjoeddeistige gebrükers fün wurde sil. De dekking út it Grünbe driuw wei kin hy mei ynstimme omt der wol in link is tusken beide. NOTULEN/0/H/HAINJEA/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 11