- 13 - De hear Roorda seit dat der tige adekwaat reagearre is en syn fraksje hat dêr alle wurdearring foar. Hy is der tige mei ynnom- men dat Foarvmrk yn Boarnsterhim bliuwe wol. Hy tinkt dan benam- men oan it stâl jaan fan it wurkgelegenheidsbelied. Foarwurk is in modern tsjinstferlienend bedriuw en de grutste wurkjouwer yn Akkrum. It útstel jout foldwaande dúdlikheid. De ferplichtings en de finansjele konsekwinsjes kin syn fraksje mei ynstimme. Hy hat lykwols muoite mei de dekking fan de eksploitaasjesubsydzje. Hy fynt dat dy fûn wurde moat yn de post ûnfoarsjoen as it wurk- gelegenheidsfûnsSyn fraksje is it ek iens mei it ombouwen fan de subsydzjerelaasje nei in ynkeaprelaasje. De foarsitter seit dat it kolleezje yn ienriedigens mei dit útstel komt. Stel it gefal dat Foarwurk út Boarnsterhim weigean soe,dan wie it hûs te lyts west. It útstel is yndied in kompro- mis. Yn it oerlis mei Foarwurk is ek de ombou fan subsydzjere laasje nei in ynkeaprelaasje oan 'e oarder west. It ústel moat dan ek beoardiele wurde tsjin de achtergrün fan dy beliedsline. Mei in pear jier kin der allinne noch oer in ynkeaprelaasje praten wurde. De skiednis fan Foarwurk is in hiel bysündere. Doe't Foarwurk begûn wie der absolüt gjin systematyk foar it oan it wurk helpen fan minsken. Foarwurk hat fan jier oant jier by de subsydzjejouwers op'e matte lizze moatten foar de nedige sinten. Dat is allegear wûnderwol slagge. Men is der seis yn slagge in europeeske subsydzje binnen te heljen. It kolleezje hopet dat Foarwurk yn deselde line fierdergiet en dat der dêr- troch noch mear minsken oan it wurk komme kinne. De bank is net ree in kredyt oan Foarwurk te jaan sûnder gemeentegarânsje. Der wurdt no in subsydzje jün foar trije jier. Mar ek no al is de gemeente subsydzjetechnysk oan Foarwurk ferbûn. De relaasje mei Foarwurk sil, sa as al earder sein, omsetten wurde yn in ynkeap relaasje. Foarwurk kin de omslach meitsje fan "bern fan de oer- heid" nei selsstannich ündernimmer. De hear Van der Baan seit dat Foarwurk net in bern is fan de oerheid, mar fan in bûtenechtlike relaasje. De hear Beimin en mefrou Hompe hawwe mei harren ünortodokse wize fan wurkjen in grut risseltaat helle. Hy hat grut respekt foar dizze beide minsken. Syn fraksje kin ynstimme mei it ústel, dat ek wat oars as oars is, en hopet dat it wurk fan Foarwurk bringt wat eltse- nien der fan ferwachtet. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie met het college van in zicht verschilt over een tweetal punten. Foarwurk is naar zijn mening een volwassen, goed renderend bedrijf en niet meer op weg dat te worden. Verder meent hij dat de bank een garantie vraagt voor de rente en aflossing en niet voor een lening van f 300.000,00. De hear Van der Meulen seit dat mei it oannimmen fan dit útstel de lytse hobbel yn de relaas je mei Foarwurk nommen is en dat der tegearre nei de takomst sjoen wurde kin. Mevrouw Aukes zegt dat de heer Van der Baan vergat te vermelden dat liberale bestuurders samen met de heer Beimin onder andere het houtprojekt hebben opgezet. NOTULEN/0/H/HAINJEA/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 15