- 4 - 4. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het aankopen van gronden te Grou. Mefrou De Boer seit dat har fraksje fynt dat dit in útsûndering is op de normale sitewaas je. Yn dit gefal kin dizze grûn hiel goed brûkt wurde as ruilgrûn. Se freget it kolleezje oft hy garandearje kin dat der binnen 10 jier in oare bestimming op de grûn komt sadat Domeinen der noch ferantwurdlik foar is. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje fan betinken is dat it goed is om by de grutte kearnen kompinsaasjegrûn te hawwen. Tinkt it kolleezje dat der binnen 10 jier gebrûk fan de grûn makke wurde kin. Yn it riedsütstel wurdt praten oer Grou-Noord. It liket him logysker te praten oer Biensma 2 rjochting Sll. As de grûn pas nei 10 jier brûkt wurde kin moat der in skjinne-grûn- ferklearring komme. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei dit útstel. Kompinsaasjegrûn is yn dit gefal tige handich. Ek de grûnpriis is hy oer te sprekken. De hear Van der Baan kin him fine yn wat de hear Oosterhof nei foaren brocht hat. As syn fraksje mei it útstel ynstimt hâldt dat net yn dat hy op foarhân ek akkoart giet mei Grou-Noord. De foarsitter is it iens mei de gedachte dat ruilgrûn yn dit gefal winsklik is. It kolleezje tinkt net dat de grûn 10 jier lizzen bliuwe sil. Hy wol gjin risiko rinne en dat betsjut dat as de grûn langer lizzen bliuwt der lykwols in grûnûdersyk plak- fine sil. Eventuele plannen foar Grou-Noord steane los fan dizze oankeap De hear Oosterhof seit dat as it kolleezje garandearje kin dat der binnen 10 jier in oplossing foar it hüsperseel is syn frak sje akkoart gean kin mei it útstel. Mocht dat net sa wêze dan wol syn fraksje it hüsperseel net mei oankeapje. Mefrou De Boer seit dat it gefaarlike fan de termyn fan 10 jier is dat it beslút no fait en oer 10 jier wit net ien mear fan in grûnûndersykHar fraksje wol graach dat der no in grûnûndersyk op it hüsperseel dien wurdt yn stee fan oer 10 jier. D® hear Van der Baan is it iens mei de eardere sprekkers Mefrou Santema fynt it te risikofol om grûn oan te keapjen sûnder skjinne-grûn-ferklearring. Sy wol ek earst in grûnûnder- syk. De foarsitter seit dat it kolleezje de ferwachting hat dat der op koarte termyn düdlikheid is oer de bestimming fan de grûn. Der is yn it kontrakt in feilichheidsklep ynboud, nammentlik dat as der oer 10 jier neat feroare is der in grûnûndersyk plakfine sil. Hy begrypt dat de ried it beslüt nimme wol tsjin de achter- grûn fan in posityf risseltaat fan in grûnûndersykIs it ris- seltaat net posityf dan wurdt de grûn net kocht. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het aan gepaste voorstel besloten. NOTULEN/0/H/HAINJEA/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 6