- 6 - Mefrou Santema seit dat men net de yndruk krije moat dat alle subsydzje-oanfragen foar it meitsjen fan in film honorearre wurde sille. De hear Van der Baan seit dat it Frysk hast net mear brûkt wurdt yn BoarnsterhimNei 13 jier Boarnsterhim kin hy allinne mar in delgeande line waarnimme. Ek dizze ried hat it de léste 4 jier sitte litten. De heer Jonkers vindt dat er altijd kritisch naar een begroting gekeken moet worden. De hear De Jager seit dat de oanfraach fan dizze fûnkelnije stichting diskusje yn syn fraksje jûn hat. Dêr is besletten de Stichting it foardiel fan de twifel te jaan en hy wol dêrom ynstimme mei it kolleezje-útstelFansels mei in garânsje oant f 12.500,00 yn de eksploitaasje-kosten. Wethâlder Van den Berg seit dat besluten oer oare oanfragen altiten oan de ried binne. De saken dy't de hear Van der Baan nei foaren brocht hat sil oer neitocht wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 7Voorstel inzake subsidiëring Eeuwfeest K.N.K.B. Het college heeft dit voorstel teruggenomen. 8Voorstel tot vaststelling van de Notitie Arbeidsomstandighedenbe leid. De hear Van der Baan seit dat der ien hiel wichtige betingst is nammentlik it wurkklimaat. Yn de frije merk is it wurkklimaat der yn de rin fan de jierren net better op wurden. Dat sil ek net oan de gemeentlike organisaasje foarbygean. Ek yn de politi- ke beslútfoarming makket it merketinken faak diel út fan de ôfwaging. Dat iensidige ekonomyske tinken makket de minske en syn wolwêzen faken dêr oan ûndergeskiktIn tal jierren lyn hawwe Amerikaanske ekonomen warskôge dat it ekonomyske liberalis me ferkeard útwurket foar de minsken. Der liket no in kentering te kommen: der is in oar klimaat kommendewei wêryn it besprekber wurdt om de posysje fan de wurknimmers te beljochtsjen. Syn fraksje is dêr tige wiis mei. Hy hopet dat de nije ARBO-wet benammen in ferbettere klimaat as útwurking hawwe sil. De foarsitter seit dat de hear Van der Baan in prinsipjele saak oan'e oarder stelt. Hy is it mei him iens dat it sosjale klimaat tige wichtich is. It kolleezje en de lieding fan de amtlike organisaasje besykje om in goed sosjaal klimaat te bewurkmaster- jen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voortel besloten. NOTULEN/0/HHAINJEA/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 8