- 7 - 9Voorstel tot instelling van een vaste onkostenvergoeding voor wethouders De hear Veldstra seit dat syn fraksje posityf tsjin it útstel oer stiet omt it oanslút by de rjochtlinen fan it ministearje. Syn fraksje is fan betinken dat artikel II punt 2 derüt moat as oanpast omt dit artikel net yn oerienstimming is mei de rjochtli nen De hear Van der Baan slút him by dy opmerking oan. Hy fynt it no lykwols net it goede momint om mei dit ütstel te kommen. It soe by de nije begrutting oan 'e oarder komme moatte. Hy stelt dêrom út it útstel no oan te hâlden en te behanneljen by de begrutting foar 1998. De foarsitter seit dat yn de rjochtlinen stiet dat as wethâlders yn it belang fan de tsjinst bûten de gemeente reizigje moatte de kosten dêrfan deklarearre wurde kinne. Yn dy kosten binne ek begrepen de ferbliuwskosten. It kolleezje stelt net wat oars foar as dat yn 'e rjochtlinen fan it ministearje stiet. It kol leezje kiest der foar om dit ütstel no oan'e oarder te stellen en net by de nije begrutting. Der moat oansluten wurde by in goed, ferantwurde en winsklik bestjoerlik gebrûk. It útstel hat mar beheinde finansjele konsekwinsjes foar de rinnende begrut ting. De hear Veldstra wiist op itjinge yn it brief fan 18 oktober 1991 fan it ministearje stiet. Dêr stiet dat der rekken hélden is mei ferskate kostenkomponinten. Hy freget oft it kolleezje dat no wol goed ynterpretearre hat. De hear Van der Baan hâldt fêst oan syn útstel Mefrou Sant erna seit dat har fraksje it ütstel fan de hear Van der Baan stipet. De foarsitter seit dat yn de fergoeding yndied in komponint sit foar de eigen foarming en oplieding fan de wethâlders. Dy eigen foarming en oplieding sit in komponint yn fan in fêste fergoe ding. Wat deklarabel is is dielname, yn it belang fan de tsjinst, oan bygelyks in kongres oer de folkshüsfesting. Hy tinkt dat it beslüt no nommen wurde kin. Dan kin der by de nije begrutting rekken mei hâlden wurde. De hear Van den Berg begrypt alle kommoasje net. It ütstel is dochs sawat budzjetêr neutraal? De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Tsjin it ütstel stimme betsjut dat der tsjin de ynfiering no stimd wurdt. De hear Van der Baan seit dat hy yn de kommisje ek de posysje fan riedsleden en fraksjes nei foaren bocht hat. Hy soe it üt stel yn dy bredere kontekst behannelje wolle. k De foarsitter seit ta dat der yn de kommisje nochris praten wurde sil oer in ünkostenfergoeding foar riedsfraksjes NOTULEN/0/H/HAINJEA/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 9