- 5 - Mefrou De Boer seit dat dizze Exploitatieverordening in goede saak is. Har fraksje is der gjin foarstanner fan hiel gau nei projektüntwikkelers te gean. In skoft lyn hat sy frege om de ferskate wizen fan gearwurkjen mei private partners ris op in rychje te setten. Dêr kin dan út leard wurde. De foarsitter seit dat dy winsk yn de kommisje oan 'e oarder komme sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 9Voorstel tot vaststelling van brugbedieningstijden 1998. De hear Roorda seit dat hy in taljochting fan it kolleezje fer- wachte hie oer it brief fan de Marrekrite. Dêryn stiet dat in unifoarme regeling net helber is. Fjouwer gemeenten dogge net mei. Syn fraksje hat foarkar foar it betsjinjen fan de brêgen oant 20.00 oere en dan it hiele seizoen. Neist de rekreative en toeristyske belangen is it ek fanwegen in feilige alternative farrûte winsklik dat de brêgen oant 20.00 oere iepen binne. Mefrou Santema wachtet ek op in taljochting fan it kolleezje. Der moat in goede regeling komme. It moat út wêze mei it jo-jo belied en der moat no foar 5 jier rêst komme. De hear Van den Berg tinkt dat dizze regeling it meast helbere is en hjirmei is de grutst mooglike unifoarmiteit berikt. Syn fraksje kin ynstimme mei de regeling al soe hy ek graach yn it foar- en neiseizoen de brêgen oant 20.00 oere iepen hawwe wolle. Wethouder Van den Berg vindt dat een toelichting niet nodig is. De Marrekrite betreurt het dat een aantal gemeenten niet meedoet en zal in 1998 opnieuw met die gemeenten in gesprek gaan. De Marrekrite juicht het toe dat er positief wordt afgeweken van de bloktijden. Er is geen sprake van een jo-jo-beleidHet voorstel van het college komt het meest tegemoet aan een uniforme rege ling. Een beleid voor 5 jaar vast lijkt haar niet goed omdat dan niet kan worden ingespeeld op positieve veranderingen. Het college heeft eerder voorgesteld om het hele seizoen tot 20.00 uur de bruggen te bedienen. De raad kon daar toen niet mee in stemmen De hear Roorda fynt dat de ried alle ynformaasje hawwe moat, dus ek de brief fan de Marrekrite. Unifoarmiteit is al net helber omt mear gemeenten har net hâlde oan de MarrekriteregelingDe Iselmargemeenten betsjinje de brêgen al oant 20.00 oere. It kompromisútstel fan de Marrekrite wurdt dus al net mear breed drûgen. Ut it brief fan 6 febrewaris oan 'e Marrekrite docht ek bliken dat de sinten foar dy rommere iepenstelling der al binne. Syn fraksje docht it útstel om de brêgen it hiele seizoen oant 20.00 oere te betsjinjen. Hy wie earder tsjin it útstel om de ferromming fan de iepeningstiiden werom te draaien. Mefrou Santema bedoelde mei jo-jo-belied dat der al sa faak oer de brêgetiiden praten is troch de ried. Ek bûten it gemeentehüs prate in protte minsken op 'e brêgen oer de brêge-iepenings tiiden. Sy bliuwt derby dat 5 jier rêst hiel goed wêze soe. NOT7.11/0/H/HAINJEA/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 6