- 3 - Ek mefrou Santema fynt it net hielendal aardich dat it jild earst ôf- pakt wurdt en no as in segaar út eigen doas wer weromjûn wurdt. Dochs kin sy dizze aksje wol stypje. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje dit de béste manier fynt. De foarsitter seit dat der in ryksrjochtline útfierd wurdt. De kar is op dizze wurkwize fallen. It âlde en it nije kolleezje steane dêrach- ter. Nummer 6 De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje kennisnommen hat fan de portefuljeferdielingHy konstatearret dat partijen dy't sizze dat der eins gjin grutte projekten mear plakfine moatte wol de portefuljes fan dY grutte projekten krigen hawwe. It ûnderdiel Frysk wurdt net apart beneamd. Is dat dan minder wichtich? De hear Zinlstra seit dat de kolleezjeleden skynber yn ienriedigens ta in portefuljeferdieling kommen binne. Dat de foarsitter wer in swiere portefulje hat sil syn reden wol hawwe. Syn fraksje kin him yntinke dat der nei ferrin fan tiid in werskikking komme sil. Hy winsket it kol leezje in goede tiid ta. De heer Smittenbera vraagt of er voor de ontwikkelingen rondom de Sta tionsweg ook een coördinerend portefeuillehouder wordt aangesteld. De foarsitter seit dat der in lykwichtige portefuljeferdieling kommen is. Ek eardere riedsbesluten moatte útfierd wurde, ek dy oangeande de grutte projekten. Frysk fait ûnder it ûnderdiel Kultuer fan wethâlder Bijlsma. De ûntwikkelingen rûnom de Stationswei is noch net yn de por tefuljef erdieling meinommen. Der sil noch wol in koördinearjend porte ful jehâlder komme. De mededelingen worden verder voor kennisgeving aangenomen. Voorstel tot het instellen van raadscommissies alsmede voorstel tot be noeming van leden van (raads)commissies en leden van bestuursorganen van gemeenschappelijke regelingen. foarsitter seit dat it kolleezje útstelt de kommisjegearkomsten op twa jûnen te hâlden: Moandei de kommisjes ûnder lieding fan wethâlder Oosterhof(Commissie RO, Volkshuisvesting, Verkeer en Milieu) en de foarsitter(Commissie Algemene Zaken)tiisdei de kommisjes ûnder lie ding fan de wethâlders Bijlsma (Commissie Welzijn, Onderwijs en Cul tuur) en Bouma (Commissie Werk en Recreatie) In de discussie worden daarnaast de volgende voorstellen gedaan: het instellen van maar twee commissies, twee commissies parallel op een avond en vier commissies op verschillende avonden. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.45 oere foar oerlisHy weriepenet de gearkomste om 21.10 oere. De hear Zij lstra seit dat nei oerlis tusken de fraksjes der in útstel útkommen iskommisjes fan de foarsitter en wethâlder Oosterhof op mo andei. Fan 19.00 oant 19.30 oere in fragenhealoerkeDe earste kommisje fan 19.30 oere oant 21.30 oere en de twadde kommisje oanslutend fanôf 21.30 oere oant 23.00 oere. As reservejûn fine yn elts gefal trije fraksjes dat de woansdei oanwezen wurde moat. not2104 doc/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 10