De eksploitaasje—opset sil noch fêststeld wurde yn de ried. Hy wit net krekt wannear't de bestimmingsplannen klear binne. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten Voorstel tot vaststelling van het ontwerp-bestemmingsplan "Terhern- sterdyk" te Terherne. De heer Zijlstra seit dat men yn Terherne ferûntrêst is oer it iensidige optreden fan ien bedriuw. De taljochting fan 21 april makket in protte dúdlik. Hy is nijsgjirrich wat der noch mear om 'e hoeke sjen komt. As dit beslút net nommen wurdt, wat binne dan de gefolgen? De hear Van der Meulen seit dat it giet om in bedriuwenterrein by de yngong fan it doarp. As ek de linkerkant fan de dyk beboud wurdt is dat tefolle fan it goede. Jo komme dan troch in wâl fan bedriuwen it moaie doarp Terherne binnen. Al hoe moai it ek ynklaaid wurdt, it bliuwt in yndustryterreinDe boer hat witte litten net gelokkich te wêzen mei it feit dat hy in hoeke grün kwytrekket. De ried hat alris útsprutsen dat hy ditsoarte arguminten meiwage litte wol. Yn de taljochting fan 21 april steane sinnen dy't formeel net krekt binne. It kolleezje kin gjin tasizzing dwaan lykas dat der in bestimmingsplan makke wurde sil. It moat altiten op betingst fan goedkarren fan de ried wêze. De heer Jonkers zegt in de commissie te hebben gevraagd nog eens met de belangengroeperingen om tafel te gaan. Er wordt in de brief van 21 april wel tekst en uitleg gegeven. Ook hij valt over de zinsnede dat er een contractuele verplichting is aangegaan bij de verkoop van het eerste stuk bedrijventerrein. Hij vindt dat de toelichting te laat is aangele verd. De manier waarop dit voorstel tot stand is gekomen en het feit dat Terherne door een muur van bedrijvigheid ontsloten wordt vindt hij een onwenselijke situatie. Dit geeft zijn fractie aanleiding om niet akkoord te gaan met het ontwerp-bestemmingsplan. Mefrou Veldstra seit dat der yn de kommisje tasein is dat der op 'e nij kontakt mei it doarp wêze soe. In ferslach fan dy gearkomste mei de oan- belangjenden lei net by de stikken. Hjoed stjoerde it kolleezje noch in taljochting. Sy fynt dat fierstente let, dat hie al op 6 april moatten. Har fraksje fynt dat it útstel werom moat nei de kommisje. It útstel sa't dat der no leit is in oerfal. Wethâlder Oosterhof is it iens dat de taljochting te let nei de ried tastjoerd is. It giet hjir om in partikulier inisjatyf. Der is in byld- kwaliteitsplan en der is in oerienkomst mei Hüs en Hiem. It bedriuwen terrein sil der dus út in eachpunt fan wolstân goed útsjen. De pachter moat foar skealeasstelling by de ferpachter wêze. Hy merkt op dat by it doarpsfernijingsplan der net ien beswierskrift yntsjinne is. Dit útstel is seker gjin. oerfal, yn de kommisje is der goed oer praten. It beslút kin sjoen de wetlike proseduere net mear útsteld wurde. De foarsitter seit dat it brief de sitewaasje beskriuwt oanslutend oan de kommisjefearkomsteDer wurde in protte saken neamd dy't de ried ek wol wit. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje mei it útstel ynstimt. Hy hopet lykwols dat de útstellen yn de takomst better taret oan de ried ta stjoerd wurde. De hear Van der Meulen seit dat neffens him, as de ried net ynstimt, der gjin kontraktuele ferplichting mear is. Der kin nee sein wurde en kin der dan ten noarden fan it bedriuwenterrein Mid-Fryslân wol fierdergien doc/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 14