- 9 - eventuele wizigingen. Hoe wol it kolleezje de eventuele ferromming fan fartiden op de feestdagen regelje? Is it 25-rittenabonnemint bestean bleaun? De hear De Jager seit dat it útstel wat mear romte biedt as dat wat der op 6 april foarlei. Der wurdt no ek rekken hâlden mei de agraryske ûn- dernimmers. Hy sjocht út nei de jierlikse evaluaasje, foar it earst yn desimber fan dit jier. De hear Postma seit dat it him bot yrritearret dat it konvenant en de feroardening, hoewol dat wol tasein wie, net tastjoerd binne. Syn frak- sje is bliid mei de oerienkomst. Hy fynt dat der evaluaasjekriteria op- steld wurde moatte. It giet bygelyks oer de gebrûksfrekwinsjeYn de kommisje is omtinken frege foar de taryfstelling foar it lânbouferkear Hokfoar taryf wurdt dêr no foar brükt? Hy konstatearret dat de abonne- mintstariven oanpast binne. Hy freget wat de relaasje is tusken de fer- oardening en it konvenant. Makket de feroardening ûnderdiel út fan it konvenant? De terminology yn beide stikken spoart net. De hear Van der Baan konstatearret dat yn de rin fan de tiid de oerset nei de Burd nochal wat djoerder wurden is. Yndertiid is de gemeente troch de Dútske kommissaris en eigen sleauwens behearder fan it fear wurden. Mei dat stik yn de hân soe de gemeente by de provinsje besykje moatte wat jild binnen te heljen. Yn it konvenant stiet wat oars as yn it útstel stiet. Yn it konvenant wurdt steld dat de sneinsbetsjinning ek jildt foar de twadde krystdei en âld en nij, mei in tal restriksjes. Hy hat fan de Burdbewenners begrepen dat dêr noch in neiere ôfspraak oer makke wurde sil. Syn fraksje hat dêrom beswier tsjin de regeling dy't yn it konvenant opnommen is. Hy wol graach dat de regeling foar dy bysünde- re dagen der earst úthelle wurdt. Nei oerlis mei de oanbelangjenden kin de regeling dan wer oanpast wurde. Mefrou Santema stipet de fragen fan de hear Postma en it útstel fan de hear Van der Baan. De ûnfeilige sitewaasje by de pont is mei ûntstien trochdat op it P.M.—kanaal twabaks—triuwfeart en kontainerfeart fan trije kontainers heech tastien is. It wurdt tiid om mei provinsje en ryk te praten oer de ferdieling fan de kosten fan de pont. De foarsitter seit dat de pont in lange skiednis hat. Yn oarlochstiid is it behear nei de gemeente ta gien. Sûnt dy tiid is der in hiele protte bard mei it P.M.-kanaal. Hy is ek fan betinken dat de ferantwurdlikheid foar in feilige ferbining nei de Burd breder wêze moatEk provinsje en ryk soene bydrage moatte. De hegere kosten binne it gefolch fan it meitsjen fan in feilige oerstek nei de Burd. De tasizzing nei de ried dat de nettokosten op termyn leger wurde sille leit der noch. It foar- diel sil dan net allinne foar de gemeente mar ek foar de bewenners wêze. Mei it konvenant is yn feite it begjin markearre fan in duorsume oplos sing foar de pont. Der sil in evaluaasje plakfine mei as mjitpunten ûn- der oaren it tal oersetten, de klandyzje en hoe't alles ferrün is. Der sil ek mei de Burdorganisaasjes oer harren ûnderfining praten wurde. Twadde punt sil wêze in krease regeling foar de krystdagen en âld en nij en mooglik ek oare bysündere sitewaasjes. De kommisje sil op 'e hichte brocht wurde fan it risseltaat. It abonnemint is oantrekliker wurden. It konvenant en de feroardening hiene tastjoerd wurde moatten. Ekskuses foar it feit dat de tasizzing nei neikommen is. De lânbou betellet of it taryf út de feroardening wei of kin lid wurde fan in feriening op de Burd om sadwaande in leger taryf te beteljen. De feroardening is strikt formeel. It konvenant is in mienskiplik produkt fan de trije Burdorga nisaas j es en de gemeente. Hy slút net út dat it konvenant letter noch in formelere fertaling krijt. not2104.doc/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 16