- 10 - De hear Roorda mist de tasizzing fan in weromkeppeling nei de kommisje ta. Hy hat der betrouwen yn dat der in goede regeling foar de feestdagen troffen wurde sil. Benammen foar âld en nij stiet hy oan op in bettere regeling. De hear De Jager is bliid dat it kolleezje provinsje en ryk beneierje sil. Kin dêr in termyn foar oanjün wurde? Hy tinkt dat it maksimale dien is om de risiko's werom te bringen. De pont is technysk perfekt en de pontskippers hawwe in hiele goede oplieding hân. Mevrouw Van den Berg zegt dat nog niet zolang geleden, begin 1994, de gemeente een keus had kunnen maken voor de omlegging van het kanaal en daarmee was er ook een stuk veiligheid geweest voor de oversteek naar de Burd. De hear Postma kin net yn de feroardening léze wat de taryfstelling foar it agraryske ferkear wêze sil. De hear Van der Baan fynt de tasizzing oer in oanpaste regeling foar de feestdagen fan it kolleezje te min. Hy tsjinnet in amendemintOp alle feestdagen wurdt de sneinsbetsjinning útfierd útsein de beide krystdagen en âld en nijFoar 1 desimber sil dêrfoar yn ûnderlinge ôfspraak in re geling troffen wurde. De foarsitter konstatearret dat it amendemint foldwaande stipe krijt. Mefrou Santema seit dat it C.D.A. yn de achterútsjochspegel sjocht. Dat is wol hiel moai, mar it giet no om in duorsume oplossing foar de pont nei de Burd. De foarsitter seit dat der fansels in weropkeppeling nei de kommisje ta plakfine sil. Yn oerlis mei de bewenners fan de Burd sil der in oplos sing foar de feestdagen fûn wurde. It stiet net fêst dat der foar de feestdagen ekstra faarten ynsetten wurde sille, want dat kostet mear jild. Hy freget de ried dat oan it kolleezje oer te litten. De regeling sil oan de kommisje foarlein wurde. It liket him ferstannich dat de lân- bouminsken harren oanslute by in Burdorganisaasje. Hy üntriedt it amen demint De hear Van der Baan seit dat der in konvenant leit mei dêryn oanjün in regeling foar de feestdagen. Hy fynt dat op de krystdagen en âld en nij oanpaste tiiden jilde moatte. No is der al wol oerlis tasein mar it kon venant wurdt net oanpast. Hy wol dat der foar 1 desimber yn oerlis in regeling komt. De foarsitter seit dat der dan gjin ferskil fan miening is. It kolleezje komt uteraard nei wat der yn it konvenant stiet. Der wurdt dus in ün- derskied makke- tusken de Burdbewenners en oaren, dy't gebrûk meitsje fan de pont De hear Van der Baan lükt syn amendemint yn. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten Voorstel tot instellen van een programmaraad. Mefrou Wegman seit dat har fraksje graach in weromkeppeling ha wol fan it oerlis nei de gemeenteried. De foarsitter seit in weromkeppleling fia de kommisje ta. .doc/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 17