Gemeente BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarasterhim gehouden op 14 april 1998 om 20.00 in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink, R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman- Koopmans en de heren F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma, A.M. de Jager, B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Voorzitter: de heer Y. Dijkstra. Loco- Secretaris: de heer C.I. Koffeman. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o toezegging) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy lokwinsket de leden fan de ried mei harren ferkiezing as lid fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim. De talitting fan de leden stiet no fêst. As de leden de eed of de ferklearing en it ûnthjit ôflein hawwe kinne se oan de slach. Hy winsket harren alle sukses by harren wurk. Hy hopet dat it be- sjoerlike wurk frucht drage sil. Der moatte wichtige besluten en strategyske beslissingen nommen wurde yn it belang fan de ynwenners fan de gemeente. Hy docht de oprop de diskusje te fieren tsjin de achtergrûn fan wat bynt en net fan wat de ferskillen yn opfetting binne. Hy stiet stil by it wichtige wapen fan de oerheid, nammentlik ienheid en by it betrouwen dat ynelkoar útsprut- sen wurde moat. Dat betrouwen sil groeie moatte tusken de leden fan de ried, tusken de ried en it kolleezje en de meiwurkers en nei de boargers ta. Dat betrouwen komt net fansels, it moat fertsjinne wurde. Der sil in heldere bestjoerlike kaf makke wurde moatte dy't fan belang is foar it funksjonear- jen as lid fan.'de ried en as ried yn syn gehiel. It is wichtich dêr nei te sjen, wichtiger yn elts gefal dan de (politike)waan fan de dei. Dit is in wichtige bestjoerlike perioade, ek fanwegen it feit dat de bestjoerlike fer- nijing yn Fryslân ôfblaast is. Dat leit der de klam op dat der mear dan ea socht wurde moat nei gearwurking mei oare gemeenten om de belangen fan de boargers sa goed as mooglik te behertigjen. It is dan ek goed de swaktes yn it bestjoer derút te hel jen. De swaktes yn jinsels en ek yn de organen. Hy slút ôf mei de winsk dat der konstruktyf gearwurke wurde sil oan in helder en iepen bestjoer yn in geast fan ienheid. Hy hopet dat it wurk bydrage kin oan in positive byldfoarming fan Boarnsterhim en oan it wolwêzen fan de yn wenners fan dy moaie gemeente. Hy stelt oan'e oarder: 1. Beëdiging van de raadsleden. Het lid Van den Berg-Wiersma legt staande en in handen van de voorzit ter de eed af De leden De Jager, Van der Meulen en Zijlstra lizze steande en yn han- nen fan de foarsitter de eed óf Not14 04doedoc/X

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 3