- 2 - De leden Bouma-van den Brink, De Jong, Jonkers, Postma en Smittenberg leggen staande en in handen van de voorzitter de verklaring en de be lofte af. De leden Aukes, Van der Baan, Bijlsma, Oosterhof, Roorda, Santema- Jansma, Veldstra-Lantinga en Wegman-Koopmans lizze steande en yn hannen fan de foarsitter de ferklearring en it ûnthjit ôf. la. Vaststelling van het collegeprogramma gemeente Boarnsterhim 1998-2002. De hear Ziilstra docht in útstel fan 'e oarder. Omt de kolleezjepartij- en noch gjin oerlis mei de foarsitter hân hawwe stelt hy út it program ma foar kundskip oan te nimmen. Der kin dan earst yn it kolleezje oer it programma praten wurde. It is better efkes letter it programma fêst te stellen en in goede start te meitsjen dan no hastich in beslút te nimmen. Dit útstel wurdt stipe troch de fraksjes fan V.V.D., F.N.P. en P.v.d.A. De hear Van der Meulen freget om in tydlike sluting fan de gearkomste. De foarsitter slút om 20.15 oere tydlik de gearkomste. Hy weriepenet de gearkomste om 20.25 oere. De hear Van der Meulen is f ernuvere en ferrast troch dit útstelHy merket op dat dit útstel konsekwinsjes foar de stimming ta beneaming fan de wethâlders hawwe sil De foarsitter seit dat it útstel fan de hear Zijlstra no oan 'e oarder is De hear Van der Baan seit dat de trije partijen dy't in wethâlder le ver je wolle lang om 'e tafel sitten hawwe. It kolleezjewurkprogramma wie dus ek pas hiel let klear. Hy fynt it in goede saak dat der aanst yn it kolleezje earst oerlis is, omt de tiid dêrfoar te koart west hat. De foarsitter konstatearret dat útstel la komt te ferfallen en dat it letter wer op de wurklist setten wurde sil 2. Verkiezing van de wethouders. De hear Zinlstra seit dat syn fraksje mefrou Bouma kandidaat stelt. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje de hear Bijlsma kandidaat stelt Mefrou Santema seit dat har fraksje de hear Oosterhof kandidaat stelt. De foarsitter konstatearret dat der 3 leden foardrûgen binne. Oer dizze kandidaten sil, yn folchoarder fan de kandidaatstelling, skriftlik stimd wurde. Hy beneamt de leden Veldstra, Van den Berg en Santema yn de kommisje fan opnimming fan de stimmen. Earst wurdt der skriftlik stimd oer de earste kandidaat, mefrou Bouma. Nei de stimming slút de foarsitter tydlik de gearkomste foar it tellen fan de stimmen. Nei weriepening fan de gearkomste jout hy it wurd oan de foarsitter fan de stimbuskommisje, mefrou Van den Berg. Notl404doc.doc/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 4