43 Wethâlder Oosterhof seit dat de oerienkomst juridysk toetst is. De rânesône is it gebiet tusken it Meingagebiet en de Burstumerdyk. De rânesône wurdt in rekreatyf gebiet foar it hiele Meinga. De ynfolling dêrfan is dellein by de eksploitant. Der komt gjin boartersplak yn it plan, der is wol in protte grien. It kolleezje is bliid dat er sa po- sityf tocht wurdt oer de DUBOwenten. De gemeente is opdrachtjouwer foar de lûdswâl en sil betelje moatte. De kosten foar de lûdswâl kom- me út de eksploitaasje wei. Dat is it risseltaat fan de ünderhanne- lingen dy't fierd binne. De hear Aukes begrypt dus dat it eksploitaasjeoersjoch ophege wurdt mei it bedrach foar de lûdswâl. Hy freget of de grûn al ferkocht is en oft der al in riedsbeslút oer nommen is. De heer Smittenbera sluit zich aan bij de waarderende woorden voor de mensen van Sinnebou B.V. en hij wenst hen veel succes met de verdere uitvoering van dit projekt. Wethâlder Oosterhof stipet de wurden fan de hear Smittenberg. De kos ten fan de lûdswâl binne út de ûnderhannelingen mei de projektûntwik- keler wei kommen. De lûdwâl kostet de gemeente neat. De grûn is noch net ferkocht omt dat in part is fan de oerienkomst. De ried nimt dêr no in beslút oer. De hear Aukes fynt dat it útstel werom moat nei de kommisje omt it wol om hiele hege bedragen giet. Wethâlder Oosterhof seit dat de eksploitaasjeoerienkomst in deal is mei de projektûntwikkeler. Der is foar fochten om dit risseltaat te krijen. It útstel kin net werom nei de kommisje. Weromnimme betsjut dat der op 'e nij ûnderhannele wurde moat en it kolleezje fielt dêr neat foar. De foarsitter seit dat ek de tiid dringt omt de huzen dit kalender- jier ferkocht wurde moatte. Mefrou Santema seit dat de hear Aukes en sy tsjin it útstel stimme sille. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel be sloten. De leden Aukes en Santema verkrijgen de aantekening dat zij geacht willen worden te hebben tegengestemd. De heer Smittenbera vindt dit toch wel een opmerkelijk gebrek vertrouwen van een collegepartij in het college. De hear Aukes seit dat dit stik yn it foarige kolleezje tastân kommen is De foarsitter seit dat it kolleezje folslein stiet foar dit útstel. It makket neat út oft dat útstel taret is troch it foarige kolleezje. Mevrouw Van den Berg zegt dat al in de periode 1990-1994 onder wet houder Aukes een opdracht aan het college is verstrekt om uit de ont wikkeling van dit gebied de kosten van de geluidswal te halen. Het college is daar in geslaagd. notulen2605.doc/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 14