- 6 - koart (troch te min oanbod) sille noch jierren trochwurkje. Soks jildt ek foar de negative gefolgen yn it tekoart oan oandacht foar it sosjaal kulturiele wurk. Lokkich meitsje wy no in begjin fan ferbeterre oan dacht. Oandacht sil ek yn de sport trochklinke moatte. Der wurdt oan ferbettering arbeide mar der is noch te min jild foar hannen Om dy reden, soe it jild dat aanst by de ferkeap fan FRIGEM beskikber komt ten goede komme moatte oan de sektoren fan sport, ûnderwiis en sosjaal kulturiel wurk. Prioriteiten oftewol foarrang jaan oan de sêfte sektoren betsjut dat wy in kar meitsje. Dy kar sil by de ferbettering fan de amtlike hüsfêsting ek op it alje- mint komme. Wy stelle ús sa foar, dat it hieren fan ûnderdak net as earste besprekber wêze moatte soe. It symbool fan in bewust en sels- stannich bestjoer soe dêrmei fansiden reage wurde. In bytsje status meie wy dochs noch wol freegje, tinkt ús. In kreaze opknapbeurt fan it hjoeddeiske ûnderkommen mei in údwreidinkje moat sekerwier mei ûnder- socht wurde. Us posysje t.o.f. Ljouwert sille wy yn de kommende tiid hifkje en bes- jen moatte. As gemeentlike bestjoerders hawwe wy liket ús alle belang by in goede en sûne ûntjowing fan ús haadstêd. Dy leit der no wat sute- rich by en wy sille ús yn Fryslân nochris goed efter de earen klauwe moatte hoe't wy ús haadstêd wer allure jaan. kinne. Fryslân moat gjin apel mei in rotterich klokhûs wêze. It giet der yn de takomst net om, dat wy gearwurkje móatte, mar dat wy mei Ljouwert gearwurkje wólle. Al- linne dan kin it Ljouwert, mar ek ús gemeente goed gean. By dit alles moatte wy wol witte dat weryndieling nea besprekber wêze kin. Oan de ein noch dit. Wy witte dat üs gemeente yn de kommende tiid noch gjin strukturiele oplossings en somtiden dekking hat foar it nije be- lied. Nettsjinsteande dat hawwe jim as kolleezje sein, wy meitsje it begjin en wurkjenderwize sille wy nei de oplossings sykje. It sprekt fan moed en wollen om te feroarjen. It sil net oeral slagje mar wy hawwe betrouwen. Oangeande de Steande Mêstrûte, wolle wy no alfêst ús grutte soarch út- sprekke oer de risiko's dy't dêr út fuort komme. Risiko's sille, at hja boppe de al taseine jilden út komme, fan. gjin kant ús stipe krije as der gjin dekking foar is. Soks soe nammentlik it ein betsjutte fan datjinge wat jim no as nij belied opsetten hawwe. En dat kin net de be doeling wêze. Dat wat noch net op priemmen stiet sille wy no net nei foareix bringe. Dêr jouwe wy jim de earste jierren de tiid ta. Foar ús betsjut dat: fernijing yn de banensektor, ferbetteringen yn de sport en it handikap- tenbelied. Yn de takomstige Ontwikkelingen sa as troch Den Haech sketst yn it sa- neamde- houtskoolscenario" fan de romtlike oardening driget foar Frys- lân en dus ek foar Boarnsterhim in gefaar dat ús rekket. It ûntwerp beskriuwt de sitewaasje dêr't Fryslân in oerringebiet wurdt foar rêst- sikers en âlderen. Huzebou en toeristyske foarsjennings wurde dêr op ôfstimd. Mei dy Ontwikkeling Ontstiet in befolkingsopbou mei in smelle basis fan jonge minsken en in brede top fan âlderen yn de befolkingspi- ramide. It gefolch op termyn is in grutte fraach nei romte yn fer- pleech-, âlderein- en sikehûzen. Mar ek finansjele, ekstra lésten foar bewenners yn Fryslln. Yn de polityk soene wy stjoering jaar kinne troch wentebou allinne mar mooglik te meitsjen foar dy minsken dy't in eko- nomyske bining hawwe as hân hawwe mei ús gemeente. Op dy wize komme jo in Onlykwichtige befolkingsopbou te foaren. Dêr sil yn de kommende tiid oer neitocht wurde moatte. Foar ús ynwenners dy't dupearre binne troch de gaswinning sil de kommende wike mooglik klearichheid komme oer har ren kânsen op skeafergoeding. Op tongersdei sil de nije Mijnwet in ear- raad 12-11-1998.doc/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 10