-11 - komt De foarsitter betanket út namme fan it kolleezje de fraksjes foar it hâlden fan de skôgings. Troch de fraksjes fan GB2000, C.D.A. en F.N.P. is sprutsen oer de ferhâldings yn de ried. It kplleezje makket him ek wol wat soargen oer de ferhâldings yn de ried. Hy ropt de ried op om ûntfanklik te wêzen foar elkoars lûden om sa in ôfwûgen beslút nimme te kinnen. It kolleezje hat wol deechlik kleur, nammentlik de kleur "pom- peblêdpears"It kolleezje ferwachtet neist stipe fan de kolleezjepar- tijen ek stipe fan de oare politike fraksjes. Boarnsterhim hat belang by in sterk Ljouwert en omgekeard is dat lyksa. Boarnsterhim hat altiten syn nekke útstutsen as it gie om goede ôfspra- ken mei Ljouwert. Dat wol net ynhâlde dat elts bestjoerlik scenario op de ynstimming fan Boarnsterhim rekkenje kin. Hy ferwachtet de kommende tiid noch in ynteressante diskusje oer de nota Sjoch dizze Stêd" In toan fan de moeting fan ferline wike soe yn dizzen perfekt wêze. It kolleezje is op wei nei in goede organisaasje-ûntwikkeling. It ak sent leit dêrby op de bestjoerlike beliedstarieding en de rezjyfunksje fan de gemeente en minder op it alles seis dwaan wollen. In pear jier lyn hat de ad hockommisje dy't dêrfoar yn it libben roppen is, de konklúzje lutsen dat de nijbou achter it gemeentehûs fierder ûn- dersocht wurde moat. Der is dêrnei in reserve foarme foar de húsfes- ting. By de diskusje oer it kolleezjewurkprogram die bliken dat der hiel bot oanhikt waard tsjin de bedragen dy't foar nijbou op it kleed komme moatte. It kolleezje fynt lykwols dat der wat barre moat oan de ferbettering fan de húsfesting. Nijbou kostet in soad jild. De kosten fan ferbou soene noch boppe op de húsfestingskosten komme. It is ek mooglik om in gaadlik romte te hieren mei like hege kosten as no dy fan de húsfesting. Yn it belang fan it publyk en it personiel sil der in goede kar makke,wurde moatte en dat kin troch it hieren fan in gemeen- tekantoar Takom wike sil der fierder oer de Steande-mêstrûte praten wurde. It kolleezje hechtet hiel bot oan dizze Steande-mêstrûteDe rûte freget hege ynvestearingsmei in minimale finansjele ynspanning fan Boarn sterhim. De risiko's foar ús gemeente binne behearsber. It winskenprogramma is tige ambitieus. Der wurdt in soad dien. It kol leezje fynt de útstelde bestegings ferantwurde. De begrutting is ûnt- dien fan de oant no ta needsaaklike rinte-ynkomsten yn it ramt fan de bestimmingsreservesDe bestimmingsreserves kinne no ek echt brûkt wur de. De minimumomfang fan de algemiene reserve wurdt net oantaast. De strukturele útjeften wurde net finansierd troch insidentele middels. It kolleezje wol yn 1999 besjen hoe't ûntwikkelings geane en as it goed giet kirt dat omsetten wurde yn in strukturele útjefte. It jier 1999 is, ek yn finansjele sil, in hiel krusiaal jier. De herwurdearring sil liede ta groei yn it ramt fan de OZB. It kollee zje wol dan it taryf ferleegje sadat de opbringst fan de OZB gelyk bliuwt It kolleezje wol ta op in fermindering fan de garantstellingen. It kolleezje wol in berop dwaan op ryksjild foar de millenniumproblema- tyk. Mei it jild dat der nog foar frijmakke wurdt tinkt it kolleezje de problematyk fan millennium en euro oan te kinnen. It kolleezje tinkt dat de wenjen, winkeljen en de horeka elkoar ferdra- ge moatte kinne yn Grou. Der moat hyltiten socht wurde nei in lykwich- tige opbou. Wethouder Bouma zegt dat de begroting zeer zorgvuldig tot stand is ge komen. Er is geprobeerd zo goed mogelijk invulling te geven aan het collegewerkprogramma raad 12-11-1998.doc/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 15