- 14 - dat it tiid wurdt nei te tinken oer hokfoar bedriuwen, ho grut as lyts passé yn de kearn fan it doarp Grou, sjoen de dûbelfunksje wenjen, wurkjen. By it keppele rekreative produkt sil, sa hat it kolleezje sein, ek dúdlik omtinken wêze moatte foar de musea. Syn fraksje hantha- venet syn útstel om jild foar de pjutteboartersplakken frij te meitsjen. De f 10.000,00 dy't it kolleezje taseit is te min. Mefrou Santerna fynt "pompeblêdenpears" in moaie kleur. Har fraksje fynt dat Boarnsterhim in weromset dwaan moat as it om Sjoch dizze Stêd giet. Der moat ynsetten wurde op útwreiding fan it tal wenten om it foarsjenningsnivo te hanthavenjenSy is it der mei .iens dat der oerlis tusken de omlizzende gemeenten plakfine moat. Noegje dy stêdslju mar in kear út yn de simmer dan is it plattelân op syn moaist. Har fraksje is bliid mei de tasizzing dat der miskien wol in taryfferleging foar de O ZB komt de kommende jierre. Sy kin der mei ynstimme dat de f 1.000.000,00 nei it ûnderwiis giet. Pjutteboartersplakken hawwe rjocht op strukturele middels. Der sit lykwols nochal wat skeefgroei yn de by- dragen dy't âlders betelje moatte. Sy freget it kolleezje dêr ris te besykjen dat dy sitewaasje mear lykweardich wurdt. De hear Van der Baan seit dat de oare partijen net sa'n noed hoege te hawwen oer de ferhâlding kolleezje - kolleezjepartijen. Wa't syn bern leafhat sparret ommers de roede net. In diskusje op it skerpst fan de snede sil ek de gemeente ten goede komme. Syn fraksje kin ynstimme mei it miljoen foar ûnderwiis fanút de húsfesting wei. Foar syn fraksje is it net sa dan dêr automatysk út folget dat der mar in nij gemeentekan toor hierd wurdt. Hy fynt dat besjoen wurde moat wat no it béste is hiere, ferbouwe, nijbouwe ek sjoen de kosten dy't dizze opsjes mei him meibringe. Unbeheinde frijheid om te bouwen is der nea omt der foarrang jûn wurde sil oan de minsken mei jild. Sa kin in ferkringing fan de ge- woane man út de doarpen it gefolch wêze. Hy fynt dat dat wol yn de ga ten hélden wurde mei om in ferkearde befolkingsopbou tefoaren te kom men. Fryslân moat him rjochtsje op in sûne ekonomyske ûntjouwing en moat perfoarst net de boarterstún foar de rest fan it lân wurde. Syn fraksje fynt dat der omtinken wêze moat foar it plan Van Elswijk. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie de afgelopen tijd de colle gepartijen heeft gesteund, zij vindt dat de reserve huisvesting in stand moet blijven. Een miljoen voor het onderwijs is prima, maar dan zal op een andere wijze de reserve huisvesting weer gevuld moeten wor den. Zij refereert aan het voorstel dat de fracties van D66 en C.D.A. hebbei* gedaan. De mogelijke claims in de milieusector kunnen ten laste van het grondbedrijf worden gebracht. Dit voorstel bevordert een open dicussie over de huisvesting. Zij wil graag van de collegepartijen we ten hoes die over het realiseren van een nieuwe huisvesting denken. Haar fractie vindt het onaangenaam dat er brief voor de raad op tafel ligt over de persberichten over Biensma II. Zij wil graag over de perikelen in de commissievergadering spreken. Haar fractie handhaaft het voorstel (4) Peuterspeelzalen zijn een belangrijk onderdeel van het integrale jeugd- en' onderwijsbeleid. Is er wel voldoende tijd en gereserveerd voor het maken van het verkeers- en vervoersplan? De foarsitter seit dat it kolleezje wol ambysjes, mar net grutte, hat oangeande de millenniumproblematykYn de relaas je mei Ljouwert is weryndieling nea in tema, ek net as it der om gean soe parten fan oare gemeenten by Boarnsterhim te foegjen. De kaarten kinne oars komme te lizzen as der twang yn it spul komt. It kolleezje fynt dat it net gean moat oer gearwurkje móatte mar gearwurkje wólle. As it moeting mei de raad 12-11-1998.doc/l«

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 18