- 2 - ad hoe beleid. In een ad hoe beleid is het wel veel gemakkelijker tege moet te komen aan de waan van de dag. De Kadernota is er uiteindelijk wel gekomen. De eerste ronde van prioriteiten is vastgesteld. Maar he laas wijkt het college ten aanzien van de peuterspeelzalen af van het vastgestelde beleid. De Kadernota moet echter ook niet de status van een heilig boek krijgen, waar wel veel goede gedachten in staan maar waar over de uitleg vaak meningsverschillen ontstaan. Gebruik de Kader nota vooral voor het zichtbaar maken van het geheel aan sociaal- culturele voorzieningen en het mogelijk maken van een afweging op hoofdlijnen. De wijze waarop het college denkt f 200.000,00 aan eenma lig geld in de sfeer van de Kadernota uit te geven getuigt niet van een systematische en gestructureerde aanpak. De ad hoe benadering viert weer hoogtij en dat is betreurenswaardig" De hear Zijlstra seit: "Nei de nedige krachttoeren stiet de trein, it kolleezje, op'e reels. It programma, dêr't men mei te set wol de kom- mende fjouwer jier, hat syn earste fertaling fûn yn'e begrutting, dy't no foar ús leit. De ynset fan de tri je kolleez jeparti jen leit mei nam- men op it flak fan de soarch foar ús eigen ynwenners, oandacht foar de gemeentlike organisaasje en dúdlik minder yn't ramt fan de mega- projekten. Spitigernoch hawwe de net kolleezje-partijen harren betingsten útsprut- sen oangeande dizze nije koers. Dochs geane wy der fan út, dat hja de ûntwikkelingen posityf kritysk folgje sille. As wy de nije begrutting yn eagenskou nimme, kinne wy fêststelle, dat der socht is nei jild om oan it nije kolleezjeprogramma ynfolling te jaan. Dat woenen wy ek graach en dêrmei soenen ús skôgings d«r» ek ôfrûn wêze kinne, wie't net dat.... In untwikkeling nei fierdergeande dielname fan ús ynwenners en groepe- r^n9en by't reilen en seilen fan us gemeente, ús tige oansprekt. Der soe mear jild foar frijmakke wurde kinne, mar de wil is der om in stik- je foech troch te jaan oan ús doarpen. In kréative oplossing om ús amtlike organisaasje in better ûnderdak te jaan is in goed útgangspunt. Foardat wy ús seine jaan kinne oan it hie- fan iï! gaadlike kantoarromte, wolle wy earst wol in goed ûnderboud finansjeel ferantwurde plan fan jimme hawwe. In fergelyk tusken it fsrbouwen fan it besteande kantoar mei in te hieren kantoar, jout ús de kâns ta in better oerwûgen beslút te kommen. It DHV-rapport kin as út- gongspunt nommen wurde. Lit harren dit fierder ek útwurkje. Binne jimme ree om mei in goed fergelyk te kommen tusken hieren en ferbouwen fan it kantoar? Us sosjale tsjinst leveret goed wurk, sjoen de risseltaten fan útstream en bemiddeling. Op it mêd fan it sosjaal-kultureel wurk binne neffens ús ekstra ynspan- nings nedich. Alhoewol hjirta al in aardige oanset dien is, bygelyks by de muzykskoalle en flechtelingenwurk, misse wy dochs noch in pear sa- ken. Hoe wolle jimme fierder gearwurkje mei "Speelgroep Boarnsterhim" en mei de sport? Wy binne fan betinken dat der boud wurde moat oan in nij stik fertrouwen fan beide kanten. Binne jimme ree hjiryn it foartou te nimmen? De risseltaten soenen wy graach op net al te lange termyn temjitte sjen wolle. Ut de antwurdnota kinne wy opmeitsje dat foar de pjutteboarterssealen gjin ekstra jild útlutsen is. Wy fine dit in minne saak en komme dêrom mei de folgjende fraach. Is it Kolleezje réwillich te starten mei it professionalisearjen fan it pjutteboarterssealwurk en in gearwurking tusken dit wurk en de berneopfang? En fierders te kommen ta in ynkom- mensofhinklike âlderbidrage? Om in oanset mooglik te meitsjen komme wy mei it folgjende amindemint en útstel. raad 12-ll-199B.dOC/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 6