- 3 - (1) De raad van Boarnsterhim, in vergadering bijeen, besluit het voorstel om f 200.000,00 te storten in een reserve ten behoeve van de Kadernota Sociaal Kultureel Werk als volgt te wijzigen: a. een bedrag van f 175.000,00 te storten in de reserve ten behoeve van de Kadernota; b. de vrijgekomen f 25.000,00 in de vorm van een krediet beschikbaar te stellen ten behoeve van de professionalisering van het Peuter- werk. (2) De raad van Boarnsterhim, in vergadering bijeen, roept het college van burgemeester en wethouders op de meeropbrengst van de jaarlijks te ont vangen renteuitkering van EDON onder andere voor de indexering van de kultureel werk budgetten te benutten. Us musea jouwe in oanfolling op it rekréatyf barren. In stipe foar de musea út dat fermidden sjogge wy as in rjochtfeardige saak. Binne jimme ree om in oanset te dwaan ta oerlis fan alle partijen ynklusyf de VW, om ús rekreatyf produkt as ien gehiel nei bûten út te dragen, werby de musea ek dúdlik yn beeld komme? Flechtelingenwurk sil bliuwend ús oandacht nedich hawwe. Dat jimme f 19.000,00 gûne foar ynboargeringsprojekten útlûke hat ús ynstemming. It wurk fan de kloft frijwillegers sjogge wy hjirmei beleane. Ek yn ús gemeente is it ûnderwiis yn beweging. Wy binne bliid dat it proses fan ferselstanniging fan ús iepenbier basisûnderwiis oant no ta goed ferrint. Wol freechje wy jimme oandacht om ek foar de kommende jierren middels te finen om it ûnderwiis in goed ûnderdak te ferskaffen en romte te jaan om maatskiplike Ontwikkelingen folgje te kinnen. De oanlis fan de Steande Mêstrûte, in gearwurking tusken de Provinsje, Ljouwert en Boarnsterhim komt ynkoarten yn in beslissend stadium. Wy soenen tekoart sjitte as wy dêr hjir neat fan sizze soenen. Wy tinke dat dizze farwei in goede ekonomyske ynpuls wêze sil foar Wergea en Grou. De rûte skept romte foar wentebou en bedriuwen yn Wergea. Makket de rekréaasjefaart tusken Ljouwert en Grou in stik feiliger en skept romte foar de Ontwikkeling fan de bedriuwichheid oan't wetter by Grou. Hjirtroch is it mooglik om bedriuwen yn ferbân mei it útfieren fan it Wetterfront te ferpleatsen. Dochs is der ek in skaadkant, en wol de gemeentelike finansjes dy 't dêr mei muoid binne. Us fraksje hat altyd al oanjûn, oan dizze bydrage dúdlik in limyt te stellen. Nije wike komme wy dêrop werom. Sjoen it tal ferûntrêste brieven dy't wy krije soenen wy der by it kolleezje op oandringe. wolle om goed oerlis mei de belutsen minsken te befoarderjen. De stappers yn Grou jouwe jimme in protte soargen. Der wurdt dan praat oer slútingstiden en sa. Dat jimme mei alle belutsenen ta in goed oer lis kommen binne fine wy in goede saak. Wy fine wol, dat it tiid wurdt om derris oer nei te tinken, hoe't it fierder moat mei it doarpshert fan Grou. Yn fergelyk mei in tal oare gemeenten skoart Os gemeente heech mei it tal art.19 prosedures. Gjin wûnder, as wy op plakken wurkje mei 30 jier âlde bestimmingsplannen. Dit kostet in protte ekstra tiid en jild, foar ús en foar de buorgers. Binne jimme ek fan plan dizze achterstân binnen in redelike tiid yn te heljen? Wy tankje jimme foar jimme oandacht. It kolleezje winskje wy de nedige daadkracht om mei de organisaasje en de rie it foarnimmen foar 1999 ta in goed ein te bringen." raad 12-11-1998.doc/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 7