- 4 - Mefrou Santerna seit: "hjoed prate wy oer de begrutting 1999 en wolle ynfolling jaan oan it 2000ste jier fan ús jiertelling. De WD sprekt har wurdearing út dat it kolleezje de begrutting slutend hat It "Lege midden" is wer sompich: polderdiken binne fersêde. It wetter stiet ús oan 'e lippen ta. Neat gjin nijs- it wetter is foar it grutste part yn de boezem bleaun. It âlde sprekwurd "Wa 't net wykje wol moat dykje" jildt noch hieltyd. Mei ús majeure projekten Steande Mêstrûte en alles wat dêr oan ophongen wurdt stiet it wetter ús finansjeel oan de lippen ta. De WD is bliid mei de presintaasje fan in oanset ta it baggerplan en wol har posityf ynsette foar de helbere útfiering fan de projekten. Yn 1998 is troch de Ynspeksje Miljeuhygiêne in ûndersyk dien nei de risseltaten dy't berikt binne as gefolch fan de VOGM-regeling. Dat ûn- dersyk joech oan dat op tal fan terreinen sprake wie fan in efterstân. Der wurdt hurd wurke oan it fuortwurkjen fan dy efterstân. Dy ynhelslach oangeande de VOGM-ferplichting freget in grutte ynspan- ningIt bedrach fan f 200.000,00 ekstra middels foar de needsaaklike ynhelaksje is in "must" om't wy ferwachtsje dêrmei it VOGM-jild foar ús gemeente feilich te stellen. Der giet in slompe jild nei it ûnderwiis: dat is ek de útfiering fan it kolleezjewurkplan. De eigen ferantwurdlikens yn it ûnderwiis en de selsstannichheid sprekt de WD oan. Leefberens op it plattelân stiet en fait mei it oanbod ûnderwiis. Op dit stuit is it soer konstatearje te moatten dat de pjutteboarters- plakken efterbliuwe yn harren te ûntfangen subsydzjestream. De WD winsket f 10.000,00 ekstra struktureel ta te kennen oan de pjutteboar- tersplakken. Dat soe yn te foljen wêze as wy in kar dogge oangeande Frigem. It frijkommende jild, troch de boargers meiinoar betelle, soe dan ek breed werom streame. Wol it kolleezje yn dy rjochting meitinke? By de begrutting 1998 hat de Ried him útsprutsen foar nijbou OSG yn Grou. Dêr is no jild foar frijmakke. It is ús noch net dúdlik hokker oare foarsjennings ûnderbrocht wurde kinne yn en by de OSG. Te tinken fait oan bibleteek, Omrop Boarnsterstim en yntegraasje mei De Twine. It OZB-taryf giet mei 2% omleech. Wurdearring! It weromkringen fan e lestedruk fan e boargers yn ús gemeente hat foar de WD in hege prioriteit. Yn dat ferbân wol de WD it kolleezje der op wize, dat yn de mearjierrerûzing by baten OZB allinne de folume- groei oanjûn wurdt. Meie wy dêrút konkludearje, dat in mooglik hegere opbringst OZB nei it werwurdearringstrajekt WOZ yn 1999/2000 nei de boargers weromstreamt yn de foarm* fan in taryfsferleging? Ommers yn de mear j ierrerûzing 2001/2002 wurde alle foarsjenbere baten en lesten werjûn. Op foarhân giet de-WD út fan in ferheging fan sa'n 10% fan de grûnslach OZB nei wertaksaasj e De rapportaazje oer it ûntwikkelingsramt Ljouwert Sjoch dizze Stêd" makket wer ris dúdlik dat boppegemeentlike ûntjouwings fan wichtige yn- floed wêze kinne op de takomst fan ús gemeente. Boamsterhim hat belang by de ûntjouwing fan Ljouwert as sintrumstêd fan ús provinsje. De op- lossingsrjochtings dy' dêrta oandroegen binne lykje ûnfreon te wêzen mei ús gemeentlik ambysjenivo. Boarnsterhinr, de gemeente dêr't wurkjen, wenjen en rekreëarjen heech oanskreaun stiet soe dêrnei yn de diskusje Sjoch dizze Stêd" ynbrin- ge, dat de doarpen Swichum, Wurdum en Wytgaard harren by Boamsterhim foegje dat sadwaande in stik lânbou-arsenaaL mei syn eigen doarpen oan- slút by de agraryske omkriten fan Boamsterhim. Dat slút ek prachtich oan by it romtlik ûntjouwingsprogramma fan Ljouwert: alles wat boppe de heak fan Ljouwert leit bliuwt by Ljouwert, dêrûnder eastlik fan De raad 12-11-1998.doc/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 8