- 5 - Swette by Boarnsterhim! Mei it doel dat Ljouwert in soad wenten reäli- searje kin en dat de doarpen natuerlike groei en de ûntjouwing binnen eigen doarpen en doarpseigene skaal wier meitsje. Doarpsbehear fierder ûntwikkelje yn 'e rjochting fan partisipaasje fan boargers en ynstânsjes yn ús gemeente. Ferienings binne it semint fan de maatskippijDoarpen dogge it seis goed. Sjoch nei Reduzum of Ter- herne mei it Kameleonprojekt dat üs hieltyd wer posityf yn it nijs bringt Ek de sport sawol winters as simmers smyt kampioenen op. Dy kampi oenen binne ambassadeurs foar Boarnsterhim. De WD kin ynstimme mei it weromkringjen fan 1 e kosten. Dat de amtlike organisaasje him rjochtet op beliedstariedende taken en it fieren fan de rezjy op 'e útfiering. Fleksibelens en doelmjittigens binne kearnbe- grippen. Gearwurking mei oare gemeenten kin foar bepaalde beliedster- reinen in oplossing wêze. De gearwurking mei Smellingerlân oangeande de mienskiplike ôffalstream is dêr in goed foarbyld fan. De WD is it der net mei iens de hjoeddeiske húsfesting gemeente op foarhân yn te ruil jen foar in te hieren pân. It ferkeapjen fan de hjoeddeiske húsfesting is nei ús betinken gjin goeie opsje. Oanpasse oan de hjoeddeiske ARBO-easken is in better útgongspunt. Wy wolle dê- roer in iepen beslútfoarming. It DHV-rapport jout kar oan. Dat it kol- leezje it idee lansearret oer te gean ta hieren is op himsels ynventyf. De kar dêryn is oan de ried. Wy begripe dat it wetter ek.hjir ús oan de lippen ta stiet "As dwaan net doocht is litten better." Ik slút ôf mei it wizen .op de troch de WD stelde opmerkings en fra gen. De hear Van der Baan seit: "yn de ôfrûne tiid hawwe him tal fan saken foardien dy't de Fryske mienskip binnen Fryslân en it bestjoerlike part fan Fryslân dwaande hold. De bestoerlike fernijing waar in ôfdijer, 500 jier Fryslân foar ús gjin sukses, wylst de ûnderhannelings yn it Lang- man-akkoart ek hiel wat wetter opspatten die, wetter dat ús benammen yn de ôfrûne perioade hiel wat wurk en oerlêst besoarge. Bestjoerlik feroare der hiel wat yn üs gemeente. In folslein nij kol- leezje mei nei 14 jier dan einlings in FNP-er yn it kolleezje. Dat is en wie wol efkes wennen. Dochs binne wy ynnommen mei de hjoeddeiske formaasje benammen omdat dêrmei de politike winsk, dy't wy lange jier- ren ferwurden, nammenlik mear en better oandacht foar ûnderwiis, de sosjale sektor en it wolwêzen en de ferleging fan lésten, omset wurde kin yn dieden. No't soks stâl krijt is it fanselssprekkend in hiele wrakseling- om de koers te ferlizzen. Alde ôfspraken kinne net samar ynieneit fansiden lein wurde en dêrom liket it ferstannich om de feroa- ring fait koers geleidelijk mar wol konsekwint oan te hâlden. It liket in iepen doar, mar wy sille by alles wat dien wurdt rekken hâlde mei de mooglikheden dy't der binne en net fierder springe dan de pols lang is. Soks betsjut dat it ambysjenivo net heger lizze moat dan mooglik is en ôfstimd op de amtlike en op de bestjoerlike mooglikheden. Oars fersûpe wy. At wy it sa dogge sil de kwaliteit fan it wurk tanimme en komme wy tefoaren dat mislearrings en teloarstellings in te foarsiz- zen part fan it gemeentlik wurk wurdt. Wy beskôgje de oanbiedingsbrief posityf. De oandacht foar it ûnderwiis en benammen de skoallen is fan it grutste belang. Ynvestearje yn de takomst, troch ynvestearringe yn de opfieding en foarming yn de jeugd, hawwe de léste desennia in swak stee foarme yn de eigen en yn de lânspolityk. Dat sil üs soer opbrekke. Alle maatregels dy't no nommen wurde, sille yn de praktyk noch jierren nedich hawwe eart û.m. it ûnderwiis wer op peil is. Romtetekoart en personielste- raad 12-11-1998.doc/S

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1998 | | pagina 9