- 9 - De rest fan de 11 miljoen sil noch boppe wetter komme moatte. As dat minder wêze koe sil dat net neilitten wurde. Troch no yn te setten op nijbou foar de OSG komme der twa gebouwen frij dy't brûkt wurde kinne foar de oplossing fan problemen yn it basisûnderwiisDer sil gjin druk útoefene wurde op de beide skoallen yn Akkrum. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje bliid is dat de OSG der yn slagge mear learlingen foar it fuortset ûnderwiis yn Boarnsterhim te krijen. Dat de libbenskânsen fan de OSG sa better wurde is hy tige wiis mei Mefrou Wegman freget oft it kolleezje wat mear fertelle kin oer de mooglikheid om binnen de nijbou fan de OSG oare akkommodaasjes op te nimmen Wethâlder Biilsma seit dat ek it kolleezje tige bliid is dat mei de út- wreiding fan it oanbod en dat it tal learlingen foar it kommende skoal- jier al 114 bedraacht. Hy seit dat de mooglikheden dêr't mefrou Wegman oer praat de kommende moannen ûnderwurp fan petear wêze sillê. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel be sloten. 21. ütstel ta it fêststellen fan bedragen kêst 102/105d Wet op it basisûn- derwiis fan it iepenbier ûnderwiis oer 1991-1996. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voor stel besloten. 22. ütstel ta it fêststellen fan de tariven fan de sportakkommodaasjes. Mefrou Wegman seit dat har fraksje it posityf fynt dat der in goed sin- jaal ôfjûn wurdt oan de sportferieningsDer sil noch wol in protte oerlis plakfine moatte. Sy winsket de wethâlder dêrby in protte sukses ta Wethâlder Biilsma betanket mefrou Wegman foar de freonlike wurden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel be sloten. 23. ütstel ta it ferlengjan fan it kontrakt mei Sportfondsen Boarnsterhim B.V. De hear Van der Meulen seit dat der goed rekken hâlden wurde moat mei de opsistermyn fan ien jier. Hy freget it kolleezje ta te sizzen dat op koarte termyn dúdlik wurdt wat der mei De Twine barre sil. De heer Jonkers zou liever het contract met een jaar verlengen om meer rekening te kunnen houden met de ontwikkelingen die zich mogelijkerwijs aandienen. Wethâlder Biilsma seit ta dat der takom jier foar 31 desimber 1999 in beslút oer De Twine nommen wurde silSportfondsen Nederland slút eins allinne mar kontrakten foar fiif jier. Foar dizze kear woe men noch yn- stimme mei in kontrakt foar twa jier. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel be sloten. raad 15 december l998.doc/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 11