Gemeente BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 15 december 1998 om 20.00 in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o Aanwezig: Afwezig: Voorzitter: Secretaris o-o-o-o-o-o -o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o de dames J. Bouma-van den Brink (wethouder)R. Santema- Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de he ren F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethouder) B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethouder), H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. mevrouw K. van den Berg-Wiersma en de heren J.A. van der Baan en A.M. de Jager, de heer Y. Dijkstra, de heer R.P. van der Starre, o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o toezegging) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat mefrou Van den Berg en de hearen Van der Baan en De Jager behindere binne de gearkomste by te wenjen. Hy stelt oan'e oarder: 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 12 november 1998. Het verslag wordt onveranderd vastgesteld. 2. Ynkommen stikken. Nummer 2 De hear Ziilstra seit dat it wenst is dat de grutste fraksje by ditsoarte wichtige meidielings it wurd fiert. Hy lokwinsket de boarge- master mei syn werbeneaming yn Boarnsterhim. Dizze lokwinsken binne ek foar mefrou Dijkstra. Op it bestjoeren fan ús gemeente sa midden yn it wetterlân binne in protte siswiizen fan tapassing. Foar immen dy't hjir, krekt as de foarsitter, net hikke en tein is is it yn de ried mear lavearjen as foar de wyn. Ek al stiet it wetter ús oan de lippen ta, dan is it faak mei kylstekken noch mooglik om drûge fuotten te hâl- den. As men de ried en de ynwenners fan Boarnsterhim oan de lije side oankomt is in goede faart te ferwachtsjen. As is sa is dat de béste stjoerlju oan de wâl steane sil men mei de riemen roeie moatte dy't men hat. Lit ús der fan út gean dat de ôfrûne perioade der ien wie fan ôf- taasten en learen ek al is in perioade fan seis jier ryklik lang. Hy sprekt de winsk út dat de boargemaster mei de ried yn wat rêstiger far- wetter telâne komt om de saken yn gruttere ienriedichheid te folbrin- gen. Dat de keunst fan it gybjen dêrby fan trochslachjaande betsjutting is sil hy net ûntkenne. De ried hie dêrom tocht de boargemaster as kado in sylkursus oan te bieden spesifyk rjochte op it gybjen. De ried wol dan graach as bemanning mei. Dat al ûnder lieding fan wethâlder Bijl sma. Hy hat alfêst in skipperspet foar de boargemaster oantúgd en as de kursus slagget kriget de boargemaster noch it embleem fan de gemeente Boarnsterhim dêrby. Foar mefrou Dijkstra hat hy in bosk blommen meinom- men. raad IS december 1998.doc/l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 3