- 2 - De foarsitter betanket de hear Zijlstra foar syn freonlike wurden. In sylkursus liket him in goede suggestje om sa op te dwaan wat yn Boarn- sterhim noch wol nedich is. Hy sil nei béste witten him ynsetten bliuwe foar de belangen fan de Boarnsterhimster mienskip. Nummer 3 De heer Smittenberq vindt dat dit stuk niet terug hoeft naar de raad. Het college kan zich er wel mee redden. De foarsitter konstatearret dat de ried fynt dat dit stik wol ôfdien wurde kin troch it kolleezje. Nummer 8 De hear De Jong wol graach dit stik yn de kommisje behannelje. Wethâlder Biilsma seit dat dit stik yn de kommisje behannele wurde sil. Nummer 9 Mefrou Weerman freget oft it monumintenbelied ek yn de kommisje komme kin. Wethâlder Biilsma seit dat dit belied yn elts gefal yn de kommisje oan 'e oarder komme sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel be sloten. 3. Utstel oangeande machtiging koartrinnende finansiering foar 1999. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voor stel besloten. 4. Utstel oangeande machtiging fêste jildlienings foar 1999. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voor stel besloten. 5. Utstel oangeande ferkeap en ferhier fan grienstreken. De hear Postma seit dat syn fraksje bliid is mei dit útstel. It giet neffens syn .fraksje om it hâlden fan- foldwaande grien, minimale ûnder- hâldskosten en by ferkeap fan grûn om in yn de merk gebrûklike priis. Hy fynt ek dat der in wurkbere systematyk komme moat. Syn fraksje stelt dêrom út it beslút sa oan te passen dat dêr it belied yn opnommen wurdt en om foar alle stikjes grien ien priis te hantearjen fan f 50,00 de meter. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynnommen is mei dit útstel. Goed oerlis mei de Pleatslike Belangen is nedich. Sy soe it op priis stelle dat de kommisje fan de fuortgong fan it yn kaart bringen fan de doarpen op 1e hichte hâlden wurdt De hear De Jong seit dat syn fraksje bliid is mei dit útstel en dat hy dêrmei ynstimme kin. De hear Aukes seit dat it goed is dat dit punt no ta in útdragene saak kommen is. Syn fraksje fynt de priis fan f 75,00 te heech. Hy soe seker net 2 prizen hantearje wolle mar ien priis fan f 40,00. De heer Smittenberq vindt het verheugend dat dit voorstel er nu is raad IS december 1998.doc/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 4