10- boud. De eksploitaasjelest sil oer 10 jier op basis fan it hjoeddeistige priispeil f 15.000,00 de brêge wêze, de leanen net ynbegrepen. It is net dúdlik oft nei in perioade der miskien wol brêgejild heven wurde kin. De kosten fan it ynrjochtsjen fan it baggerdepot sil yn de eksploitaasje fan Biensma II en III meinommen wurde. Der is f 630.000,00 rûze foar de beka- ding yn it bestimmingsplan wengebiet Wergea. It kolleezje wol dy kosten betelje litte troch de projektüntwikkelderIt soe net krekt wêze dy kos ten yn de no foarlizzende beslútfoarming op te nimmen. De finansiering fan dit tige komplekse projekt is rün. De grins fan it bestimmingsplan foar nijbou yn Wergea leit mear yn it wetter as op de wâl. De útfierings- oerienkomst dêr't de hear Smittenberg op tsjutte is der noch net. Hy seit ta de kommisje dêrfan op 'e hichte te bringen. De gemeente draacht yn to taal 2,5 miljoen oan dit projekt by, dat is it komplete oandiel yn de ko- finansiering fan ek de oansluting by de Nauwe Golle. De brêge yn Wergea sil meinommen wurde yn de doarpsfernijing. De ynvestearing foar de ôf- stânsbetsjinning fan de brêgen is mei finansierd. De betsjinning fan de brêgen is net besjoen as wurkgelegenheidsprojekt, it kolleezje kiest dêr ek net foar. Mefrou Van den Berg hat foar in part gelyk as sy it oer in appeltje voor de dorst" hat. Dat jild is yndied frijspile. Ut de ried wei is doe't de houtskoalskets fan de rûte bekind wie it lûd kaam om de rûte net oer it PM-kanaal te lieden mar sa ticht mooglik lâns Grou. Boarn- sterhim is dêr sterk foar yn 'e pleit gien. Dat is slagge en it plan is dêrop fierder boud. As de oansluting by de Nauwe Golle net trochgean soe fait de hiele finansiering fan it projekt yn elkoar. It kolleezje ûntriedt mei klam de suggestje dy't de fraksjes fan V.V.D. en F.N.P. dogge. Wethouder Bouma zegt dat er met meerdere gemeenten overleg is over de in voering van een bruggeldvignet. Wethâlder Oosterhof docht in berop op de fraksjes fan V.V.D. en F.N.P. om yn te stimmen mei it totale útstel. Bygelyks is wiete bedriuwenterrein is net te finansieren as de oansluting by de Nauwe Golle net yn it plan bliuwt De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. De hear Aukes begrypt dat it lestich is foar it kolleezje en it is beslist gjin dwersichheid fan syn fraksje dat hy net ynstimme kin mei it hiele út- stel. It is de ferantwurdlikheid fan in riedslid om ek sûnder politike lést en oerlis oer in útstel nei te tinken. Syn fraksje stimt yn mei it útstel oant de Nauwe Golle. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der krekt sa oer tinkt. Mevrouw Van den Berg verzoekt om een schorsing. De foarsitter slút tydlik de gearkomste foar oerlis om 23.15 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 23.25 oere. Mevrouw Van den Berg zegt dat aangezien twee van de drie collegepartijen geen vertrouwen hebben in de uitvoering van de Staandemast-route ook haar fractie geen vertrouwen kan hebben in het vervolgtraject. Dit omdat in het vervolgtraject ook steeds de steun van de raad nodig is. Haar fractie vraagt het college het voorstel terug te nemen daar zij zich anders ge noodzaakt ziet tegen te moeten stemmen. De foarsitter seit dat der in earnstige sitewaas je ûnstien is. Dy site waas je bringt him derta om itfolgjende fêst te stellen. De boargemaster behertigt portefúljes. Dat kin allinne mar goed as him dat bûten de poli- raad!71198.doe/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 11