12- zjefraksjes. De politike ynset fan it C.D.A. hat allinne mar fan gefolgen hân dat de gearkomste in oere langer duorre hat. It C.D.A. hat twifels rûnstruit mar dêrtroch ek soarge dat de kolleezjepartijen no wer tichter byelkoar sitte. Syn fraksje hat him altiten kritysk opsteld en in protte fragen steld. Hy is bliid dat de krisis oplost is. Hy hopet dat it plan no mei faasje oppakt wurdt De foarsitter seit, de mieningen heard hawwende, dat de kolleezjepartijen der miskien goed oan dien hiene in opmerking yn it kolleezjeprogramma op te nimmen oer de Steandemest-rûteHy hat it gefoel dat de ried no unanym foarstimme sil. Mefrou Van den Berg freget oft it wier is dat it kolleezje no seit dat as de 2,4 miljoen 5B-jild net loskomt it hiele Steandemest-projekt net troch- giet. Foar har fraksje soe dat, as it safier komme soe, noch wol in dis- kusjepunt wêze. Sy fynt it ûnterjochte dat de fraksje fan de P.v.d.A., krekt no't it yn de kolleezjefraksjes sa swier sit, har fraksje in snear jûch. De foarsitter seit dat it útstel dúdlik is oer de bydragen fan Boarnster- him, de fûnsen en de provinsje. As hokfoar subsydzje dan ek komt te ferf- allen kin Boarnsterhim net mear meidwaan. It kolleezje fynt lykwols dat it deeglike útstel dat der no leit, foldwaande garânsje biedt foar de útfie- ring. It grutste risiko sit him yn de prosesgong. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten De foarsitter slút de gearkomste om 0.45 oere. Hy betanket de ried derfoar dat der dochs noch in beslút kommen is. Hy betanket de oare oanwêzigen foar harren belangstelling en úthâldingsfermogen en winsket eltsenien wol thús Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 16 februari 1999, de secretaris, de v< itter, (R.P. van der StaL'rre) (Y. 1 stra) raad!71198.doc/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 13