- 2 - De foarsitter seit in behanneling yn de kommisje ta. Nummer 6 Mefrou Veldstra freget nei it ferfolch. Wethâlder Oosterhof seit dat der ynkoarten in kolleezjeústel yn de kommis je behannele wurde sil. Kommende wike sil der al in petear wêze mei par tijen út de lânbou wei oer it reparearjen fan de lânbouparagraaf Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten. 3Verkoop aandelen Frigem. De hear Roorda seit dat de fragen fan syn fraksje goed beantwurde binne. Der leit in lykwichtige yntinsje-oerienkomstIt ünderhannelingsrisseltaat kin bes jen li je. Syn fraksje is it iens mei de útstelde opsjekar. By de begrutting is al omtinken frege foar de besteging fan de mearopbringst De hear Aukes seit dat syn fraksje der op oantrunet dat de f 40.000,00 dy't de kommende tsien jier mear útkeard wurdt, beskiber steld wurdt foar mmaatskiplike ynvestearings yn sport, rekreaasje, sosjale saken en kultuer de kommende tsien jier. It jild moat werom nei de minsken dy't it opbrocht hawwe De hear Postma seit dat it yn dit ústel om de yntinsje-oerienkomst giet, net om de besteging fan it jild. Syn fraksje is it iens mei it kolleezje- útstel. Hy freget oft it kolleezje ek besjoen hat oft der in better rende- mint makke wurde kin dan 5,25% rinte. Oangeande de punten c. en d. út it útstel merket hy op dat dat wol iepen einen binne. Wannear komt it kollee zje mei útstellen? Mevrouw Van den Berg zegt daar haar fractie dit een evenwichtig voorstel vindt, zowel wat betreft de werkgelegenheid als de tariefstelling. De keus geeft voorlopig de eerste tien jaar een extra opbrengst. Haar fractie stemt in met dit voorstel Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynstimt mei opsje 2. Har fraksje is ek fan betinken dat it ekstra jild oan sport en sosjaal kulturiel wurk be- stege wurde moat. De foarsitter betanket de ried foar alle positive reaksjes. It rendemint is goed tsjin it ljocht hâlden. Der is in tige adekwate deal sletten. De besteging fan de mearopbringst is no net oan 'e oarder. By de besteging sil it kolleezjewurkprogramma útgongspunt wêze. Op it momint dat de oer- ienkomst effektief makke wurdt sil it kolleezje mei in konkreet útstel komme. Yn de kommisje sil praten wurde oer de besteging op koartere en langere termyn. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel beslo ten. 4. Voorstel met betrekking tot bodemverontreiniging De Baai te Grou. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje útstelt it bedrach fan f 759.000,00 te ferheegjen ta f 765.000,00. De hear Postma seit dat syn fraksje ynteresearre is yn de risiko's oange ande de miljeufersmoarging yn de Baai. De ôfrûne jierren binne al in tal saken regele. No moat der twa wenten oankocht wurde. Syn fraksje freget oft it ta dizze twa wenten beheind bliuwt. Is der foar noch twa wenten in raadl7ll98.doc/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 3