weromkeapgarânsje ôfjûn? Syn fraksje fynt dat it risiko drûgen wurde moat troch it grûnbedriuw en de oankeap soe dêr út betelle wurde moatte. Der sit spanning^ tusken de ferplichting fan de gemeente om oan te keapjen en de oankeap ûnder foarbehâld fan de fergoeding troch Deputearre Steaten. Syn fraksje fynt dat der al direkt konkreet saken dien wurde moatte mei de eigeners De hear De Jager seit dat dit punt yn syn fraksje rom omtinken hân hat. Syn fraksje kin yn grutte halen wol akkoart gean mei dit útstel. Dochs binne der in pear opmerkingsOp side twa wurdt sprutsen oer wethâlder Smittenberg. Hy fynt dat dêr eins stean moat: it kolleezje. De dekking fan de f 765.000,00 is net oanjûn. Hy hopet dat de skea beheind bliuwt ta diz- ze beide wenten. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynstimt mei it útstel. Ek sij wol noch graach witte oft der mooglik mear wenten oankocht wurde moatte. Har fraksje hat muoite mei it kredyt fan f 100.000,00 bestimd foar algemiene kosten. In spesifikaasje ûntbrekt en it kredyt hie earder oanfrege wurde moatten. As de sanearing ôfwikkele is, binne de huzen frij foar ferkeap. Wat bart der yn tuskentiid mei dizze huzen? De hear Zi-]lstra seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel. De ynset fan it foarige kolleezje hat goed west. Hy ropt it kolleezje fan no op fral sa troch te gean. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje fan hjoed ek bliid is dat it foarige kolleezje sa hannele hat. De grün is earder ferkocht sûnder skjinne-grûn-ferklearring. De geskiktheidsferklearing sil aktualisearre wurde. It is it kolleezje net bekind dat der foar noch twa wenten in wer- omkeapregeling jilde soe. De problemen dy't der no binne, binne fuortkaam út miljeusaken. Yn de begruttingsgearkomste is besletten f 750.000,00 foar milieusaken beskikber te stellen. Ut dat bedrach wei sille dizze wenten oankocht wurde. Hy is it mei de hear De Jager iens dat der sprutsen wurde moat fan it kolleezje en net fan de persoan fan wethâl- der Smittenberg. De hear Post;ma freget nochris oft der in garânsje foar noch twa wenten ôf- jûn is. As de eigeners fan de wenten sizze dat se dêr net wenjen bliuwe wolle is de gemeente ferplicht ek dy wenten oan te keapjen. Yndirekt is der dus wol in garânsje. It giet yn dit útstel om de oankeap fan twa wen ten, it meitsjen fan in foarsjenning foar sa'n twa ton en dat de wearde fan de wenten nei sanearing sa'n miljoen wêze sil. In reservearing yn it smoarge-grûn-fûns kin dus net mear wêze as twa ton omt de rest fan de wearde fan de wenten kin letter wer weromkrigen wurde. It is logysk dat dizze transaksjes yn it grûnbedriuw aktivearre wurde, krekt sa as dat ek °are gefallen bart. It besit en de takomstige wearde fan dat besit soe- ne yn it grûnbedriuw ynbrocht wurde moatte. Foar de restearjende twa ton kin der yn de risikosfear praten wurde. Wethâlder Oosterhof seit dat der no ferlet is de reservearing foar it mil- jeu te brûken as der in wente oankocht wurde moat. It is net krekt te siz- zen hoe't de wearde nei sanearing wêze sil. De prognoazes binne lykwols goed. It kolleezje mient dat der in miljeu-oarsaak is en dat it dêrom út de reserve miljeu betelle wurde moat. De heer Smittenberg zegt dat het voorstel onvolledig is omdat er geen dek king wordt aangegeven van de f 765.000,00. raadl7119B.doc/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 4