Wethâlder Bouma seit dat sy it foar in hiel grut part iens is mei de ynhâld fan de moasje. It kolleezje seit dat hy in part fan it jild be steeg je wol oan it wolwêzensbelied. Dêrom beskôget sy it útstel fan it kolleezje as in goed útstel Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje it in goed útstel fynt dat der in substansjeel part fan it jild foar wolwêzen bestege Wurde sil. Wethâlder Biilsma seit dat it kolleezje graach in breder ramt hawwe wol dan it akkommodaasjebelied allinne. Der is seker gjin twa miljoen ne- dich foar allinne it akkommodaas jebelied. In substansjeel part kin sa- wol trije as oardel miljoen wêze. Wethâlder Bouma beskôget it fêsthâlden oan de moasje as in moasje fan wantrouwen. Wethâlder Oosterhof beskôget dizze moasje as in moasje fan wantrouwen, as dy oannommen wurde mocht. Wethâlder Biilsma fynt ek dat dizze moasje in moasje fan wantrouwen, as dy sa oannommen wurdt De foarsitter seit dat hy as portefúljehâlder finansjen it oannimmen fan dizze moasje betreure soe. Hy konstatearret dat der dan ûnfoldwaan- de betrouwen yn it kolleezje is om temjitte te kommen oan de winsken fan de ried. De moasje hoecht net yn stimming te kommen omt wat yn de moasje útsprutsen wurdt seker oan 'e oarder wêze sil. As de moasje yn stân bliuwt is der dus in tekoart oan fertrouwen yn it kolleezje. De hear Aukes seit dat de ried eins mei in welvaartsprobleem sit. Fan de fiif miljoen dy't beskikber komt freegje de kolleezjepartijen twa miljoen apart te setten foar it wolwêzensbelied. Hy snapt net wêr't it kolleezje him soargen oer makket. Hy fynt dat fan dizze moasje gjin fertrouwenssaak fan makke wurde moat, want der bliuwt noch genôch jild oer De foarsitter slút op fersyk fan de hear Aukes de gearkomste tydlik om 22.45 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 23.05 oere. De hear Aukes seit dat de kolleezjefraksjes it ûnderdiel twa miljoen loslitte wolle. Twa miljoen beskôget hy as in substansjeel part. De foarsitter stelt fêst dat de tekst fan de moasje wizige is yn: Uit de opbrengst van de verkoop van de aandelen van het Waterleidingbedrijf een substantieel bedrag te reserveren ten behoeve van het in het colle gewerkprogramma genoemde welzijnsbeleid. De foarsitter konstatearret dat de ried unanym ynstimt mei útstel fan it kolleezje oangeande de ferkeap fan de oandielen. Dan moat der noch in útspraak komme oer de tekst fan de moasje. Mevrouw Van den Berg zegt dat de beraadslagingen bij haar weten onder deel uit maken van het besluit. Dan blijft het dus hier gaan om twee miljoen. De heer Smittenberg heeft de indruk dat het bij dat substantiële deel blijft gaan over twee miljoen. Hij kan volstrekt niet instemmen met die interpretatie. Hij is nog steeds van mening dat het om een motie van raad 26 januari 1999.doc/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 12