- 6 - De foarsitter konstatearret dat it kolleezje it foar in grut part iens is mei de moasje. It jild wat aanst frijkomt, is jild fan de ynwenners. De Kadernota Sociaal Cultureel Beleid moat útfierd wurde. It aksint fan it belied leit fêst yn it kolleezjewurkprogramIt kolleezje wol by de maitiidsnota in yntegrale ófwaging meitsje. Dêrom nimt it kolleezje de moasje net oer. Dan no it kolleezje-útstel mei dêrby de moasje oan'e oarder Op fersyk fan de hear Van der Baan slút de foarsitter de gearkomste tydlik om 21.05 oere De foarsitter weriepenet de gearkomste om 21.10 oere. De hear Van der Baan seit dat de trije kolleezjefraksjes jûn in út- spraak hawwe wolle oer it frij stellen fan twa miljoen foar it sosjaal kulturiele wurk. Der is de léste jierren in grutte achterstân oprûn en it sosjaal kulturiele wurk hat te min omtinken krigen. Dêrom moat dizze twa miljoen al reservearre wurde. De foarsitter seit dat by de útstellen by de maitiidsnota it belieds- programma útgongspunt wêze sil. It sosjaal kulturiele wurk hat dér in grut plak yn. It liket it kolleezje lykwols net ferstannich no al foarút te rinnen op in needsaaklike yntegrale ófwaging oangeande alles dat yn it beliedsprogramma skreaun stiet. De hear Roorda jout in koart histoarysk oersjoch oer de wetterlieding yn Fryslân. Fia 1889 Leeuwader Waterleidingmaatschappij, 1922 IWGL en 1977 NV Waterleiding Friesland is it no ta oan dizze fúzje. Der moat noch in namme foar de nije wurkmaatskippi j komme. Syn fraksje soe graach wolle dat dat in Frysktalige namme wurde soe. Hy freget it kol leezje dér op oan te stjoeren. Undersyk wiist út dat it foar gemeenten finansjeel oantreklik wêze kin de soarch foar drinkwetter en riolearing út te besteegjen oan de wetterleidingbedriuwen. Hoe stiet it kolleezje dêr foar oer? Ek de Waterspoorgedachte slút hjir by oan. Ek dêroer wol hy graach de miening fan it kolleezje hearre. Syn fraksje fynt dat der in ridlik oanbod leit en hy kin dêrom ynstimme mei de ferkeap fan de gemeentlike oandielen. Dan de moasje. In integrale ófwaging foar it sosjaal kulturiele wurk is yn de Kadernota al makke. Der leit in hiele list fan knyppunten en dêrom wol syn fraksje no al in substansjeel be- drach reservearje. In dúdlike útspraak dêroer liket him nedich. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje it spitich fynt dat de ûnderhanne- lings mei de wetterliedingbedriuwen fan Grinslân en Drinte net slagge binne. It wie, regionaal besjoen, miskien dochs in bettere opsje west. Foar har fraksje is it tige wichtich dat der mei dit fúzjebeslút in sintrum foar wettertechnology yn Ljouwert komt. De posysje fan Ljouwert en dêrtroch fan Fryslân kin dêrtroch allinne mar fersterke wurde. Har fraksje wol dat der op koarte termyn in konvenant oer de beskerming fan de klant opsteld wurdt. Har fraksje makket him grutte soargen oer de klantfreonlikens fan it NUON. NUON ferstjoert aanst de rekkens fan elektrisiteit, gas, Wetterskip Fryslân en wetter. Yn it gefal dat in klant in part fan de rekken net foldocht rint hy it risiko fan alle nutsfoarsjennings ófkeppele te wurden. Dat is wier gjin ferbettering fan de klantf reonlikens De heer Jonkers zegt dat zijn fractie akkoord gaat met de fusie. Hij maakt zich zorgen over de motie. De gemeente verkeerde nog niet zo lang geleden in een slechte financiële positie. Afgelopen vier jaar is dat een beetje beter geworden, maar het is nog lang niet zoals het zou moe- raad 26 januari l999.doc/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 9