- 14 - De hear Van der Baan seit dat mei de f 15.000,00 de fuortgong feilich- steld wurdtIt hat sa faak krekt op de fuortgong heakke. Hy giet der fan út dat de f 15.000,00 yn de boppewykse foarsjennings komt. Wethâlder Bijlsma seit dat it kolleezje bliid is dat mei it opknappen fan dizze boarterstunen in achterstân goedmakke is. Ien fan de boar- terstunen hat lykwols in tydlik plak. It kredyt moat komme út it fûns boppewykse foarsjennings, op f 15.000,00 nei. Dit bedrach wurdt pas brûkt op it momint dat it nedich is. De foarsitter seit dat de útjeftepost ôfsluten wurdt op it momint dat de boarterstún yn Grou syn definitive plak fün hat. Dan wurdt der nei in persoanlike stimming mei 10 stimmen foar en 7 dêrtsjin neffens it útstel besletten. Tsjin hawwe stimd de leden Van der Meulen, Postma, Roorda, Smittenberg, Van den Berg, De Jager en Jon kers 16. Utstel oangeande húsfesting iepenbiere basisskoallen. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it út- stel besletten. 17. Utstel ta it ferheegjen fan 'e tariven foar de biblebusfoarsjenning. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie kan instemmen met het voor stel van het college. Zij vraagt wat de argumentatie onder 1 is. zij kan zich niet indenken dat de gehele bibliobusvoorziening in gevaar is als de raad het bedrag van f 8401,00 niet beschikbaar stelt. Mefrou Wegman seit dat har fraksje ynstimme kin mei it útstel. Sy at- tendearret de ried op it aksjeprogram Bibliobus, opsteld troch de hea- ren Zijlstra en Renia. Dêryn wurdt in útstel dien, aksje Maatwurk. Sy sil dat útstel oan 1 e oare riedsleden tastjoere. Mefrou Santema seit dat de ried net om dit útstel hinne kin. It is sâlt yn in iepen plak dat der al sa gau wer jild bymoat. Sy freget it kol leezje gau mei in belied oangeande it bibleteekwurk te kommen. Wethâlder Bijlsma seit de gemeente en de stichting Openbare Bibliotheek Boarnsterhim ôfhinklik binne fan de CBD. De Stichting kin dit bedrach ekstra net mear betelje. As de gemeente it net docht soe dat fan gefol- gen hawwe dat de CBD net mear mei de biblebus yn ús doarpen komt Mevrouw Van den Berg zegt dat het stuk van de hearen Zijlstra en Renia er vair uit gaat dat er weer uitleenposten komen. Omdat de bibliobus zo'n succes is zal er de komende jaren waarschijnlijk nog wel meer geld bij moeten voor meer sta-minuten. Zij hoopt dat die extra bijdrage aan de orde kan komen bij de voorjaarsnota. Mefrou Santema seit dat der gau bekind wurde moat wat it belied foar de takomst is en wat Boarnsterhim foar dizze bibliobusfoarsjenning oer hat Wethâlder Bi] lsma seit dat de CBD wurket oan in oare regeling foar de bibliobussen en dat sil earst ôfwachte wurde moatte. Rün de simmerfa- kânsje wurde útstellen dêroer ferwachte. Op grûn fan dy útstellen sille de finansjele konsekwinsjes besjoen wurde moatte. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. ried 27 april/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 15