Gemeente BOARNSTERHIM MP 1 Notulen fan da gearkomste fan de ried fan de gemeente Boamstarhim hâlden op 27 april 1999 om 20.00 oere yn it riedhûs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethâlder) A.M. de Jager, B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder) H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan'e oarder: 1. It fêststellen fan it ferslach fan da gearkomste fan 23 maart 1999. Op verzoek van mevrouw Van den Bercr wordt op bladzijde 7 na: "...via de algemene uitkering ontvangt" toegevoegd: "al is dat niet het uitgangs punt van beleid" It ferslach wurdt dan ynklusyf dizze tafoeging fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 3 Mefrou Wegman seit dat har fraksje op it stânpunt stiet dat der in ie- penbiere swimgelegenheid yn Boarnsterhim bliuwe moat. Har fraksje sti- pet de aksje. De hear Aukes wol graach witte hoefolie hântekenings der kommen binne. De heeir Jonkers nodigt de andere dorpen uit ook aktie te voeren voor het zwembad in Grou. Wethâlder Bijlsma seit dat der 215 hântekenings oanbean binne. It kol- leezje is ek fan betinken dat der ien iepenbiere swimgelegenheid yn Boarnsterhim bliuwe moat. Nûmer 7 Mefrou Veldstra is der benijd nei wat der mei de beswierskriften bart. Wethâlder Oosterhof seit dat de beswierskriften yn de kommisjegearkom- ste fan 10 maaie oan 'e oarder komme sille. Nümers 8, 9 en 10: De hear De Jager seit dat by nûmer 15, dat oer itselds ûnderwerp giet setten is dat it kolleezje dat stik ôfdwaan moatte soe. Hoe sit dat krekt? Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. ried 27 april/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 2