- 3 - Nûmer 19: De hear Zijlstra_ seit dat by dit skriuwen ek de wetterskipslesten be- lutsen wurde soene moatte. De foarsitter seit dat der besocht wurdt de saken sa ienfâldich mooglik te meitsjen. As der mear service bean wurde kin sil dat ek barre. Dan wurdt, ynachtnommen de tasizzings fan it kolleezje, neffens it út- stel besletten. Utstel ta wiziging fan it reglemint fan oarder fan 'e gemeeneried en ta beneaming fan leden yn kommiejes en ütstel ta ûndersyk fan betrouwens- brieven fan de leden fan riedskommisjes. Mefrou Veldstra seit dat der by it fêststellen fan it kolleezjeprogram al regele is dat de kommisjegearkomsten op twa jûnen hâlden wurde sille en net op fjouwer jünen. Har fraksje is fan betinken dat riedsleden ek lid fan de riedskommisjes wêze moatte en dat de ferfanging regele wurde moat troch it ynskeakeljen fan in kollega-riedslid. Is soks net mooglik dan soene ek net riedsleden plakferfanger wêze kinne. Fiif fan de seis partijen regelje de ferfanging no troch net-riedsleden. Keazen riedsle den hawwe in eed as ûnthjit ôflein. Net-riedsleden beneame giet foarby °an de kiezers. Ferfanging yn de ried is dochs ek net mooglik. As jo as riedslid net mear yn in kommisje sitte wolle soene jo jo ôffreegje moatte oft it noch wol doel hat om riedslid te wêzen. Hat it eins wol sin de betrouwensbrieven fan net-riedsleden te ûndersykjen omt de kom misje der is foar ynformaasje en advys en net foar besluten. Aanst bin- ne der acht net riedsleden dy't in kommisjegearkomste bywenje kinne. De hear Postma seit dat der by lil in twatal leden fan Gemeentebelangen ûntbrekke: Mefrou Troost as ferfanger foar de kommisje WOC en de hear Boringa as ferfanger yn de kommisje ROWM. Syn fraksje kin ynstimme mei it kolleezje-útstelHokfoar fergoeding hantearret it kolleezje yn dit gefal? De hear Roorda seit dat syn fraksje yn de kommisje net folie fan him hearre litten hat. Syn fraksje hat wol begryp mar sjocht ek tükelteam- men. Mefrou Veldstra hat dy al hiel goed ferwurde mar hy wol dochs noch in pear oanfollingrs jaan. It fersyk fan it CDA liket syn fraksje gjin probleem op te smiten. Mar it fersyk fan D66 hat syn fraksje wol be swier tsjin. It giet dêryn om trije nije minsken. It fersyk fan D6S li ket wol in bedutsen útwreiding fan de ienpersoans-fraksje, wylst D66 dêr gjin rjocht op hat. De útslach fan de ferkiezings soe in wat beskiedener opstelling fan D66 ta gefolch hawwe moatte. It liket syn fraksje-better te kiezen foar saneamde "waarnimmers" as "boargerleden" Dy minsken kinne gewoan meiprate mar hawwe dan gjin formele status. De hear Smittenberg soe dan lid wêze fan alle fjouwer kommisjes en D66 soe dan mei ien as maksimaal twa waarnimmers komme kinne. Yn omlizzende ge meenten is men hiel weromhâldend. mei it beneamen fan net-riedsleden yn riedskommisjes, benammen yn de kommisje Algemiene Saken. Syn fraksje hat begrepen dat in ündersyk fan betrouwensbrieven fan net-riedsleden yn striid is mei de Kieswet en it nije Boargerlik Wetboek. Syn fraksje stelt út it útstel werom te nimmen en de suggestjes fan F.N.P. en syn fraksje te ferwurdzjen yn it nije útstel. Mei de wiziging oangeande it C.D.A. kin syn fraksje wol ynstimme. De foarsitter seit dat der opmerkingen makke wurde oer it stelsel fan besetting fan riedskommisjes dat de ried seis fiif jier lyn fêststeld hat. Der is doe net regele dat de betrouwensbrieven ûndersocht wurde moatte soene. It kolleezje fynt dat lykwols wol ferstannich omt ek in kommisjelid yn oanrekking komt mei betroulike ynformaasje. Der sil nei in jier in evaluaasje plakfine. Dan soe de ried bes jen moatte oft it ried 27 april/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 4