- 5 - ûndersocht wurde fan minsken dy't neffens de regels fan de Kieswet kea- zen binne. Oanfoljende ynformaasje wol hy wol oan it kolleezje jaan. Is der by de tarieding fan dit útstel ek advys ynwûn fan de V.N.G.? Syn fraksje is derfoar dat yn kommisjes allinne riedsleden sitte en dat der ferfangers/waarnimmers oanwezen wurde. Dy plakferfangers meie dan wol meardere kommisjes bywenje. Neffens him hat de V.N.G. ek ôfret dat net- riedsleden lid binne fan de kommisje Algemiene Saken. Hy stelt út dat de ried him beriedt op it kolleezje-útstel en dat der yn de kommisje nochris oer dit útstel praten wurde sil. It fersyk fan it C.D.A. is gjin probleem, foar D66 leit dat oars. Syn fraksje soe yn earste yn- stansje de hear Smittenberg yn beide kommisjes beneame wolle. De foarsitter seit dat der fêst regleminten fan oarder binne dêr't fol ie mear dingen yn regele binne dan dy fan Boarnsterhim. It reglemint fan oarder fan Boarnsterhim blinkt út yn ienfâldigensDe ried hat dat seis wollen. De ried hat ek wollen dat ek net-riedsleden kommisjewurk dwaan kinne. As de fragen dy't der steld binne it doel hawwe dat der yn it plak fan de hear Smittenberg net oaren yn de kommisjes meie soene dan soe dat net goed wêze. It kolleezje wol bes jen oft de regeling ek noch steviger wêze moat dan no it gefal is. Dat stiet lykwols los fan it fersyk fan de fraksje fan D66. De heer Smittenberg kan zich niet herinneren dat toen vorig jaar de heer Van den Berg als lid werd voorgedragen van de commissie Algemene Zaken er ook maar iemand is geweest die daar problemen mee had. Alle vervangers werden, zoals trouwens gebruikelijk is, zonder discussie aanvaard. Het is immers de eigen verantwoordelijkheid van de fracties op welke wijze zij invulling geven aan de mogelijkheden die het regle ment en de wet bieden. Zijn verzoek blijft gehandhaafd. Als andere fracties menen dat hij zijn verantwoordelijkheid als raadslid niet goed neemt, dan vindt hij dat een buitengewoon kwalijke zaak. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Der sil earst stimd wurde oer ûnderdiel I fan it útstel. Nei de stimming docht bliken dat dit utstel mei 12 stimmen foar en 5 dêrtsjin oannommen is. Tsjin hawwe stimd de leden Roorda, Veldstra, Zijlstra, Wegman en Van der Baan. Dan ûnderdiel II. Wethâlder Oosterhof is der tsjin dat in plakferfanger, dy't net de eed of it ûnthjit ôflein hat yn in fertroulike kommisje meipraat. De foarsitter seit dat it reglemint gjin útspraak docht oer it wurk fan de plakferfangers. As de ried wol dat as der fertroulike saken oan'e oarder binne allinne leden fan de kommisje dêrby wêze meie Han v-in dat oan 'e oarder wêze omt it reglemint dêr neat oer seit. Hy hat lykwols begrepen dat de ried dêryn syn eigen ferantwurdlikheid nimt sünder dat dat yn it reglemint regele wurde moat. Nei de stimming wurdt der neffens it kolleezje-útstel, ûnderdiel II be- sletten. De leden Roorda, Veldstra, Van der Baan, Wegman, Zijlstra, Santema en Aukes lizze in stimferklearring óf. Sy geane, nei de ta- sizzings fan wethâlder Oosterhof en de hear Smittenberg dat fertroulike gearkomsten safolle mooglik troch de leden, dy't riedslid binne bywenne wurde sille, akkoart mei it útstel. ried 27 april/s

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 6