heeft haar fractie een aantal opmerkingen gemaakt, waar zij nu een paar van zal noemen. Haar fractie pleit ervoor dat het voorwoord tweetalig wordt opgenomen. Het positieve saldo is ontstaan uit éénmalige meeval lers, terwijl de tegenvallers structurele zaken betreffen. Haar fractie hoopt dat het college met vaart daarnaar gaat kijken. Zij noemt ook nog de kostprijs per product. Met name noemt zij de kosten van afvalverwij dering in relatie tot de milieuheffing. Het is wel jammer dat de jaar rekening nog niet kan worden gebruikt in de voorjaarsnota. Zij hoopt dat er voortgang plaatsvindt in de toerekening van kosten, zodat de jaarrekening een bouwsteen kan zijn voor de toekomst. Mefrou Veldstra seit dat it jierferslach der goed útsjocht, goed lêsber en opfleure troch âlde doarpsgesichten en rimen en teltsjes. Yn de kom- misje hat har fraksje ek al sein dat de oanbefellings fan de accountant bliken dogge dat it doel noch net berikt is. De opdracht is no om dêr oan te wurkjen. Sy slút har ferhaal óf mei in koart gedicht fan Waling Dijkstra: Tefreden lykje in skriele geunst, tefreden wêze in grutte keunst, tefreden wurde in grut berik en tefreden bliuwe in masterstik. De foarsitter betanket de hearen Aukes en Smittenberg foar harren reaksjes. Yndied wrakselet it kolleezje mei de ófskriuwingsterminen foar guon objekten. It liket in amer kâld wetter dy't de hear Postma oer it kolleezje leechsmyt. Yn de kommisje docht bliken dat it kollee zje en de hear Postma it faak iens binne. De ambysje fan de hear Postma is foar in grut part ek dy fan it kolleezje. De hear Postma brûkt dat feit as in ferwyt. It is sa dat jo net fan.de flier op de souder stappe kinne. De prestaasje dy't de amtlike organisaasje levere hat is in prestaasje fan formaat. Ek de bestjoerlike ynset is optimaal. In hegere fersnelling is absolút ûnmooglik. It hat mear tiid nedich om it eins- tasjon te berikken dan de hear Postma wol. De toan dy't de hear Postma brûkte yn syn betooch wurdt troch de foarsitter betreure. De hear Roor- da spruts fan in grutte stap foarút en sa wol it kolleezje it ek graach besjen. De fraksje fan it C.D.A. en it kolleezje binne it oer gelokkich in hiel protte saken iens. Der kin yn in bredere kontekst noch wolris oer praten wurde oft it foarwurd allinne yn it Frysk steld wurde moat. Hy betanket ek mefrou Veldstra foar it komplimint. Opmerkingen dy't troch de accountant makke binne sille seker meinommen wurde. Wethâlder Bouma seit dat de fakatuere fan bedriuwenkontaktfunktionaris foar it grut part yn 1998 tydlik ynfold west hat. De ferkeap fan bedri- uwenterrein is ek wol trochgien. Wethâlder Bijlsma seit dat de regeling Roa-Tro yn it ferline in tal ke- aren in berop dien hat op de algemiene reserve. Yn de begrutting 1999 is rekken hâlden mei in tekoart fan f 50.000,00 en dat tekoart is óf- dutsen. Om no in nije reserve te foarmjen liket it kolleezje net in goede saak, ek omt de regeling ófrinnend is. De hear Postma is bliid dat it kolleezje it mei de kearn fan syn opmer- kings iens is. It docht lykwols bliken dan sa'n 16.000 oeren net tarek- kene binne. Dêrtroch sit der in grutte ûnnaukeurichheid yn de opstel ling fan de jiersifers. Yn dat gefal moat jo ek foarsichtich wêze mei analyses. In diskusje kin allinne plakfine as der in slutende admini- strative organisaasje is. Hy fynt dat der hurder oan wurke wurde moat. Sa kin der gauer profyt lutsen wurde. Hy tinkt dan oan it termyn fan twa, trije jier yn stee fan fjouwer, fiif. De foarsitter seit dat it kolleezje net meigiet yn de suggestje fan de hear Postma dat der sprake is fan ûnnaukeurichheid, it net kontrolear- ried 27 april/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 9