- 3 -
De hear Postma seit dat it der om giet wat it bestimmingsplan al as net
talit. It argumint dat de boumerk past binnen it hjoeddeistige gebrûk
as automobylbedriuw is net krekt. Hy fynt it ek tige wichtich dat der
noch gjin yntegrale fisy is op de ûntwikkelingen oan de Stationswei.
Mei it feit dat it giet om folumineuze detailhannel hat hy gjin proble
men. Hy hat wol problemen mei de tanimmende brancheferfaging. Boumerken
fiere sa stadichoan assortiminten fan in warenhüs en dat kin net de be
doeling wêze. Syn fraksje sil net ynstimme mei dit tariedingsbeslút
De hear Van der Meulen kin him oanslute by de foarige sprekker. Earst
moat der in yntegrale fisy komme. Ad hoe belied is in minne saak.
Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje fynt dat dit trochgean kin
sjoen ek it feit dat der no ek al in Essoshop is. In yntegrale fisy is
der net oer dit plak. Artikel 19 is altiten in ad hoe beslút omt it
foarútrint op in bestimmingsplanwiziging.
De hear Postma is net tefreden steld mei it antwurd. It kolleezje hat
der seis foar keazen dat der yntegraal sjoen wurde sil nei de ûntwikke-
lingen oan de Stationswei. Nei in eardere diskusje dêroer is it in jier
lang stil bleaun. No komt der sa mar in útstel op it momint dat de
stickers al op it etalaazjerút sitte. Dat liket him net behoarlik ta
nei de ried ta, útsein it feit dat de ûndernimmer foarútrint op de be
slissing. Syn fraksje is fral benaud foar brancheferfaging omt der gjin
betingsten oer it te fieren assortimint opnommen binne.
De heer Smittenberg wil met dit besluit wachten tot er een visie over
de Stationswei is besproken.
Mefrou Veldstra is it dêr mei iens
Ek de hear Van der Meulen fynt dat der earst in yntegrale fisy oer de
Stationswei wêze moat.
Wethâlder Oosterhof seit dat der in planologyske fisy tasein is. It
kolleezje kin de brancheferfaging net stjoere.
De hear Postma fynt dit in ûnsinopmerking. Lit mar waaie, kin nea it
belied fan dit kolleezje wêze.
Wethâlder Oosterhof seit dat de gemeente net stjoere mei yn de wurking
fan de merk. Hy wol graach oerlis yn it kolleezje.
De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.30 oere.
Hy weriepenet de gearkomste om. 20.40 oere.
Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje nûmer 12 weromnimt, alhoe
wel' t dat wol problemen opsmite kin omt der yn prinsipe al meiwurking
tasein is. It kolleezje komt sa gau as mooglik mei in yntegrale fisy.
Nümers 14 en 15:
Mefrou Veldstra freget wêrom der ôfweken wurdt fan it bestimmingsplan
en it byldkwaliteitsplan foar Meinga 2. Komme de folgjende wenten sa
net yn de problemen?
ried 19 oktober 1999.doc/3