-11 - quenties zoals geschetst in de notitie, bij voorbeeld ten aanzien van de locatie Kooiker en de locatie voor het Aquaverium? Wanneer is de to taalvisie voor de Stationswei te verwachten? De foarsitter seit dat de ried perfoarst net in beslút ûnder druk nimme moat. De wet ferbiedt dat trouwens ek. It kolleezje hat fêststeld dat der twa jier lyn in brief nei de hear Fennema gien is dêr't yn sein is dat der in artikel 19 proseduere folge wurde moat. Der is dus absolút net de skyn wekt sa as de hear Postma suggerearretDe ûndernimmer wit ek dat de ried frij is in beslút te nimmen. Dat der no op grûn fan be- heinde stikken dochs yn de ried praten wurdt oer dit tariedingsbeslút is omt it kolleezje gefoelich is foar de problemen fan de ûndernimmer. It kolleezje freget fan de ried om tsjin de achtergrûn fan de notysjes, dêr't de ried noch oer prate moat in tariedingsbeslút te nimmen, oars soe op syn minst pas yn maart takom jier nomme wurde kinne. De hear Postma hat in goed betooch hâlden. De Grouster sitewaasje is yngewik- keld, sa as ek de hear Postma sein hat. It kolleezje fynt de notysje geskikt om oer te praten en dan óf te wagen wêr't de aksinten lizze moatte. Detailpunten út it betooch kinne dêrom ek net folslein beant- wurde wurde. As de ried no in tariedingsbeslút nimt sil der moarn mei de ûndernimmer praten wurde oer it assortimint fan de boumerk. Der sil le oanfoljende betingsten steld wurde mar hokfoar dat wêze sille kin no noch net sein wurde. De wurkgelegenheid dêr't de hear Zijlstra oer praat is in wichtich punt. It giet no allinne mar oer it tariedingsbe- slút sûnder dat it takomstich belied geweld oandien wurdt. Wethâlder Bouma seit dat it no allinne giet om it tariedingsbeslútOer de notysje sil noch wiidweidich praten wurde. De hear Postma seit dat syn betooch ek basearre is op de ynspraak yn de kommisje AZ. Nei de útlis fan de foarsitter nimt hy syn wurden oer de wekte skyn werom. Syn fraksje fynt dat it buro in goede notysje skreaun hat. Dêr moat noch goed oer diskusjearre wurde. Dan is der noch it hanthaveningsbeslied. Syn fraksje fynt dat der gjin inisjativen troch ûndernimmers en ynwenners nommen wurde moatte dy't foarútrinne op de formele beslútfoarming. Dat stânpunt wurdt breed drûgen yn de ried. As der no in tariedingsbeslút nommen wurdt kin dat pas neidat it belied fêststeld isEk yn it ramt fan de bou-oanfraach foar it Aquaverium jildt dat. Ek it fierde belied oant no ta moat ûnderdiel fan de diskus je wêze. No wurdt der praten oer in ferromming fan dat belied. Ek dat moat yn de oerwagings meinommen wurde. Syn fraksje fynt dat der nije wike yn de kommisje oer it útstel praten wurde moat en dan kin der foarútrinnend op it riedsbeslút dat yn desimber nommen wurdt in tarie- dingsbeslút nommen wurde. De heer Smittenberg zegt dat nu een voorbereidingsbesluit voorligtDe raad stelt daarmee vast dat een bestemmingsplanwijziging in voorberei ding wordt genomen waarin het project ingepast zal kunnen worden. Later daarop terugkomen kan niet. Als er voldoende uitzicht is op de hoofd lijnen van het beleid zoals dat nu aanwezig blijkt te zijn kan hij in stemmen met het voorbereidingsbesluit. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje sit mei it punt dat as dit tariedingsbeslút nommen wurdt de kearn fan Grou miskien wol dêrtroch leechlutsen wurdt. Is dat mei de beheining yn it assortimint te kearen? Syn fraksje fielt wol foar it útstel fan de hear Postma omt hy der noch net út is oft dit wol it krekte plak foar de boumerk is. De hear Van der Baan seit dat it hjir net giet om in silige ûndernim- mer. Ek al binne der mûnling tasizzings dien dan moat in ûndernimmer ried 23 novimber 1999.doc/ll

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 12