- 12 - witte dat hy syn saken op papier klear hawwe moat foardat hy begjint. Yn dit gefal leit it net oan de ried mar oan de ûndernimmer seis dat hy yn de problemen kaam is De foarsitter fynt it hiel noflik dat it earste diskusjepunt oer de al as net wekte skyn út 'e wei is. De ûndernimmer nimt risiko, mar der is yn dit gefal gjin ferwyt mooglik oan it iepenbier bestjoer. It kollee- zje seit dat de realiteit fan de notysje dúdlik makket dat der wat bar re moat. De fraach is oan 'e oarder oft tsjin de achtergrûn fan de no- tysjes dy't der lizze der in tariedingsbeslút nommen wurde kin. It kol- leezje fynt dat dat ferantwurde is. It kolleezje is net foar it foarútskowen fan it beslút oant de folgjende kommisjegearkomste yn fer- bân mei de foarmfouten dy't dan ünsteane en sjoen de goede folchoarder fan de beslútfoarming. Wethâlder Bouma ûnderstreket de wurden fan de foarsitter. De hear Postma konkludearret dat by it tariedingsbeslút ûnder nûmer der sprake is fan in omkearde prosesgong. Hy tinkt dat it net op wike oankomt en bliuwt der by dat der yn de kommisjegearkomste foarútrinnend op de folgjende riedsgearkomste, in tariedingsbeslút nom men wurde kin. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it útstel fan de hear Post ma stipet. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. By punt 6, boumerk oan de Stationsweg, wurde de fraksjes fan Gemeente belangen 2000 en C.D.A. achte tsjinstimd te hawwen. S. Utstel oangeande advys planskeakommisje oer in fersyk om planskea yn Grou. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. 7. Utstel ta it ferpartsjen fan monumintejild 1999 en 2000. De heer Smittenberg zegt dat er sprake moet zijn van heldere voorwaar den bij subsidieverstrekking bij voorkeur op basis van een algemene subsidieverordening. Mefrou Wegman seit dat har fraksje fynt dat de ferdeling op in likense wize plakfine moat tusken de SKB en de Molenstichting i.o. Sy freget op hokfoar betingsten de subsydzje foar it pân Buorren 42 yn Terherne jûn wurdt. Wat bart der bygelyks by ferkeap. Sy is bliid dat der jild foar de Polsleatmüne frijmakke is. Har fraksje merket op dat der by beste ging fan it restant ek wer goed sjoen wurde moat nei de ferdieling tus ken SKB en Molenstichting i.o. ried 23 novimber X999.doc/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 13