- 13 -
Wethâlder Bijlsma seit dat it de bedoeling is dat der in belied en in
feroardering ûntwikkele wurde sille en beide Onderwerpen komme yn it
earste fearnsjier fan 2000 oan e oarder. Der hie eins sprake wêze
moatten fan in goede ferdieling tusken SKB en de Molenstichting i.o.
Dat kin dan it iene jier yn it foardiel fan de iene wêze mar it oare
jier sil dat dan wer rjochtlutsen wurde. De Molenstichting i.o. hat no
gjin bestjoer mear. Dêrom binne de mûnen troch de SKB meinommen. Foar
l febrewaris 2000 komt de Molenstichting i.o. mei in útstel ta oprjoch-
ting. Dan sil der ek wer in bestjoer wêze. SKB hat as doel pânen oan te
keapjen, te restaurearjen en ûnder betingsten wer te ferkeapjen. Dit is
de earste kear dat dat belied útfierd wurdt. De SKB wurdt holpen mei in
bedrach fan de Hein Buismanstichting. Der sil besjoen wurde oft de SKB
it pân seis restaurearje sil as dat it pân mei in restauraasjeplan fer-
kocht wurde sil.
Mefrou Wegman betanket de wethâlder foar de beantwurdingSy freget oft
it kolleezje mei de ferdieling fan de f 66.000,00 en it beliedsplan fan
de SKB werom komt yn de kommisje.
Mefrou Santema wol graach dat der yn de kommisje oer de ferdielkaai
praten wurdt
De heer Smittenberg neemt aan dat de SKB het bedrag dat eventueel uit
de verkoop van Buorren 42 komt als startkapitaal voor verdere projecten
gebruikt zal worden. Hij dringt nogmaals aan op een algemene subsidie
verordening voor alle beleidsterreinen. Hij noemt als voorbeeld de or-
ganisatie Vrede en Solidariteit, waar helemaal niet van bekend is wat
er met het geld gebeurt
Wethalder Bijlsma seit dat it sa gean sil as de hear Smittenberg opmur-
ken hat. Der wurdt wurke oan in algemiene subsydzjeferoardering, dy't
gemeentebreed jildet.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
Utstel oangeande it beliedsferslach "Algemene Bijstandswet" 1998.
De heer Smittenberg heeft een procedurele klacht. Zijn fractie kon niet
deelnemen aan de discussie in de commissie omdat het commissielid me
vrouw Wuite de stukken niet heeft gekregen. Als het weer gebeurt dat
stukken niet op een correcte wijze aan commissieleden worden toegezon
den zal zijn fractie daar op gepaste wijze op reageren.
Mefrou Wegman seit dat dit in bysûnder helder en dúdlik ferslach is.
Har fraksje freget noch omtinken foar de fase 4 cliënten. Der binne
kontakten mei de gemeente SnitsSy freget it kolleezje ek nei de moog-
likheden en de ûntwikkelings foar bygelyks it CWI yn ús gemeente te
sjen. Sy soe dêr graach oer yn de kommisje oer prate wolle.
Wethâlder Bijlsma seit dat yndied mefrou Wuite net de neistjoerde stik
ken krigen hat. Sy sil tenei alle stikken tastjoerd krije. It belieds
plan 2000 stiet nije wike op de wurklist foar de kommisje WUK.
Wethâlder Bouma seit sa gau der mear te fertellen is dat yn de kommisje
barre sil. Der binne 16 gemeenten mei it belied foar it CWI dwaande.
Utslútsel dêroer is yn jannewaris/febrewaris te ferwachtsjen.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
Utstel ta it fêststellen fan it húsfestingsprogram, oersjoch en budzjet
ried 23 novimber 1999.doc/13