- 14 -
ûnderwi i shús fes tings foars j ennixig 2000.
De hear Van der Baan seit dat syn fraksje fynt dat der in helder en
dúdlik oersjoch is ynklusyf de finansjele konsekwinsjesHy makket it
kolleezje dêr in komplimint foar.
De heer Jonkers zegt dat het huisvestingsprogramma in twee onderdelen
uiteen valt. Ten eerste de capaciteitsaanvragen. Zijn fractie is zeer
content met het onderzoek dat plaatsvindt naar een combinatieschool in
de locatie OSG te Akkrum. Hij denkt dat het een prachtige gelegenheid
is voor aanwending van het OSG-schoolgebouw. Zijn fractie vindt het van
een modern beleid getuigen om in de toekomstmeer te kijken naar cen
tralisatie van scholen. Ten aanzien van de onderhoudsaanvragen deelt
zijn fractie de mening van de fractie van de F.N.P.
Mefrou Wegman seit dat har fraksje akkoart giet mei de punten I en II.
sy f^rogst oft it tiidpaad foar de EHS en MWS wat nei foaren helle wurde
kin omt de skoallen bot sitte te wachtsjen op beslútfoarming
Wethâlder Bijlsma seit dat de oanfraach foar de Burg. Thalenskoalle en
de Juf Boeremaskoalle yn hânnen fan de bestjoerskommisje iepenbier ûn-
derwiis leit. It ûnderwerp is sa no en dan wol punt fan besprek yn it
oerlis tusken de ferskillende foarmen fan ünderwiis yn Boarnsterhim.
Itselde jildt foar de besprekkings tusken EHS en MWS. It kolleezje is
yn prinsipe foar in fusy fan EHS en MWS. It kolleezje wachtet mei be
langstelling de ferslagen fan de wurkgroepen dy't dêr mei dwaande binne
óf
Mefrou Santema fynt dat de briedende hin dy't dwaande is oer de Burg.
Thalenskoalle en de Juf Boeremaskoalle net steurd wurde moatGebrûk
meitsje fan de OSG-skoalle soe hiel moai wêze as it koe.
Wethâlder Bijlsma seit dat de ried ek in kredyt beskikber steld hat om
te ûndersykjen oft it mooglik is de OSG yn Akkrum klear te meitsjen
foar húsfesting fan ien as mear skoallen út Akkrum.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
10. Utstel oer it oanpassen fan de hieren fan sportakkommodaasjes
Mefrou Wegman seit dat har fraksje fynt dat it totale belied rûn de
sportakkommodaasjes spitigernôch noch net goed op 'e rails stiet. Sy
t£"unet der op oan dat wol gau te dwaan. Foar lytse ferienings kin in
hierferheging fan 2% wol grutte konsekwinsjes hawwe.
Wethâlder Bijlsma seit dat yn 1999 de 2% net trochberekkene is omt in
tal ferienings te krijen krigen mei renovaasjes fan fjilden en akkommo-
daasjes. Mei yngong fan 2000 binne alle sportakkommodaasjes wer "up to
date". It kolleezje fynt it no dan ek fereantwurde 2% hierferheging
troch te fieren.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
11. Utstel ta it ynsetten fan it Doarpenfûns.
De hear Van der Baan seit dat syn fraksje fynt dat it kolleezje goed
besocht hat it Doarpenfûns sa optimaal mooglik te brüken. It aksint fan
dit útstel leit by it wolwêzen. Wolwêzen is foar syn fraksje al jierren
prioriteit. Mei de ferdieling kin syn fraksje foar it grutste part yns-
timme. It Uur Cultuur hat gjin ferfolch krigen. Hy trunet der op oan
dat wol te dwaan. It Uur Cultuur betsjut foar it ünderwiis in hiele
ferbettering en dêr kin, ek sjoen i^ lytse bedrach dat it de gemeente
ried 23 novimber 1999.doc/14