- 6 - it dêr net mei iens. It kolleezje hat yn kaart brocht hoe't it mei it beleidsprgramma sit en dat dat ynhâldt dat der in grut tal saken ta út- fiering komme moatte. Dat dat allegear net tagelyk kin is dúdlik. Foar it earst binne de winsken opnommen. It is goed dat yn it each te halden en dêr de kar dy't makke wurde moat op te basearjen. It kolleezje stelt fêst dat in oanmerklik part fan it beliedsprogramma yn de begrutting opnommen is. It kolleezje tinkt dat de degelike finansiering dy't der ûnder de begrutting leit ek op it punt fan de belesting en retribúsjes in hiel ferstannige finansjele beneiering hat dy't de toets fan de kri- tyk absolút trochstean kin. It útstel hie in oare politike behanneling hawwe moatten, mar dat sil sa gau mooglik barre. Dan kriget eltsenien dêr't hy rjocht op hat. Wethâlder Bouma seit dat de winskelist dy't út it kolleezjewurkprogram- ma komt net yn ien jier ôfwurke wurde kin. It is net terjochte, ek sjoen it wurk dat it amtlik apparaat dien hat om te sizzen dat der neat doocht fan de begrutting. As it nedich is sil it kolleezje komme mei tidige wizigings. Wethâlder Oosterhof seit dat it ek net goed wêze soe as der gjin wins ken wêze soenen. It miljeubelied kriget in ynjeksje fan f 145.000,00 foar ferskate saken en in ynjeksje fan in ton foar in aktyf boaiembehe- ar. It taryf fan de rioelbelesting stekt net negatyf ôf tsjin it lânlik gemiddelde oer. Wethâlder Bijlsma seit dat it by in begrutting net oars kin as dat der winsken lizzen bliuwe. Inkelde dêrfan binne al neamd sa as it Uur Cul tuur, it meldpunt learplicht en it útwreidzjen fan SoZa-aktiviteiten. Hy wiist der op dat der wol in hegere subsydzje jûn wurdt oan de mu- zykskoalle en de bibleteek. De bibleteek sil meinommen wurde by de kre- dytoanfraach foar de OSG. Yn de kommisjegearkomste fan nije wike komt it kolleezje mei útstellen oer it jongereinwurk en de jongereinwurk- ster De foarsitter seit noch dat de kommisjegearkomste foar de maitiidsnota op 6 maart 2000 wêze sil. De hear Postma priuwt út de beantwurding dat de begrutting no pro forma fêststeld wurde sil en dat der oer nij belied by de maitiidsnota praten wurde sil. Mevrouw Van den Berg onderstreept de woorden van de heer Postma. De foarsitter seit dat pro forma betsjut dat der net al te lang oer it útstel praten wurdt mar dat der wol in beslút nommen wurdt. De begrut ting foar 2000 wurdt fêststeld en dêr sit altiten belied yn, sjoch de earste tri je punten fan it útstel. Mar gau nei dit beslút sil by de maitiidsnota ynhâldlik oer de begrutting praten wurde en kinne der wi- zigingen yn it belied oanbrocht wurde en kin de ried oanfoljende beslu- ten nimme. De foarsitter freget oft de ried stimming winsket oer de begrutting 2000, de mearjierrerûzing 2001-2003, it ynvestearingsplan 2000-2003, de ferskate belestingoarderingen en it beskikber stellen fan f 50.000,00 foar de pjutteboartersplakken. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje de grutst mooglike muoite hat mei de begrutting sa't dy foarleit. Om de bedriuwsfiering trochgean te litten en mei it grutst mooglike foarbehâld en de tasizzing fan it ried 23 novimber 1999.doc/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 7