-11 -
tie spijten dat de f 15.000, 00 aan huur op gaat. Zij zou daar heel
graag nog een keer in de commissie willen spreken. Zij is het mevrouw
Wegman eens dat er geen inhoudelijke discussie heeft plaatsgevonden
terwijl dat wel een voorwaarde is voor een goed jeugdbeleid.
Mefrou Santema stipet it útstel om de tekst fan it beslút oan te pas-
Wethâlder Bijlsma seit dat de f 16.500,oo dy't al jierren op de be-
grutting stiet ek altiten by de jeugdsozen "dumpt" waard sûnder dat
dêr ferantwurding oer ôflein waard. Dizze f 15.000,00 is dúdlik be
doeld as in wurkbudget foar sawol it ferhelpen fan knipepunten as foar
it organisear jen fan aktiviteitenHy seit ta dat der nochris yn de
kommisje oer praten wurde sil.
De foarsitter seit dat it kolleezje de tekst fan it beslút oanpast yn
dy sin dat der in krediet fan f 63.000, 00 beskikber steld wurdt foar
de ynset fan de jongereinwurkster en f 15.000,00 foar it wurkbudzjet.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
18. Utstel oangeande útfiering learlingeprognoaze
Sünder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel
besletten
19. Utstel ta it wizigjen fan 'e oardering foar foarsjennings húsfesting
ûnderwiis
Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be
sletten
20. Utstel oangeande it jaan fan subsydzje oan de Stichting Flechtelinge-
wurk en it hanthavenjen fan de iepeningstiiden fan de Hearresylbrêge
De foarsitter seit dat it útstel twa eleminten befettet. It elemint fan
Flechtelingewurk is tinkt hy wol helder. It kolleezje hat yn it twadde
elemint de bedoeling in riedsbeslút te nimmen dat de Hearresylsbrège
iepen bliuwt sa as altyd. De ried draacht it kolleezje op om mei út-
stellen te kommen hoe11 dat allegear by de maitiidsnota regele wurde
moat
De hear Van der Meulen fynt it goed dat de ried no in útspraak docht
dat de Hearresylbrêge normaal iepen bliuwt. Mar it syn fraksje wat
koart troch de bocht om it kolleezje de opdracht te jaan him dêr mar
mei te réden.
De foarsitter seit dat de útjeften pas by de maitiidsnota oan 'e oar-
der binne. Der wurdt no allinne in heldere beliedsútspraak fan de ried
frege
Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
De foarsitter slút de gearkomste om 22.50 oere. Hy betanket de leden fan de
ried foar harren bydrage oan diskusje en beslútfoarming en alle oare oanwê-
zigen foar harren oandacht. Hy winsket eltsenien wol thús
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste
fan 18 jannewaris 2000,
de de foarsitter,
sen
(R.P. van der Starre)