- 5 - Dat is dochs kapitaalferneatiging. Syn fraksje is ek tsjin de brêge, dy't no bliken docht in feredele fytsbrêge te wêzen fan 3,5 meter breed. Dy brêge wurdt sa in bottleneck en smyt in ûnfeilige ferkearssi- tewaasje op. Der is boppedat gjin foarsjenning foar fyts- en fuotgon- gers troffen. Hy sil tsjinstimme. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje de útwikseling fan grûn besjoen hat en ta de konklúzje kommen is dat it net alles skeelt. Hoefier strekt it kontrakt út, oant it hiele gebiet of in part dêrfan. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel. De ferkearsbewegingen oer de brêge binne net sa grut. 3,5 meter is net sa breed, mar hoecht gjin beheining te wêzen, as der mar foldwaande romte op de taritten is. Mefrou Veldstra wol graach in befêstiging fan it kolleezje dat der ek foldwaande mooglikheden binne foar partikulieren om eigen en goedkeape- re skiphuzen te bouwen. Wethâlder Oosterhof seit dat de transaksje praktysk budgetêr neutraal útkomtOp de brêge kin troch it oanbringen fan arsearing dúdlik oan- jaan wurde dat de brêge net sa breed is. De lokaasje fan de skiphuzen giet fanôf de Wergeasterfeart oant it bedriuw fan Wester. It earste part wurdt iepen gebiet, it twadde part skiphuzen. It kolleezje fynt it moaier dat der ienheid yn 'e foarm fan de skiphuzen komt. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje him ôffreget hoe faak it noch barre sil dat de fraksje fan de V.V.D. it kolleezje skoffea^et troch middel fan ferliking mei in belgemop. Hoe lang nimt it kolleezje dit noch, hoe lang nimme oare kolleezjepartijen dit noch. Fan 'e jûn is dit al de twadde kear dat dizze fraksje mei klam ôfstân nimt fan it útstel fan it kolleezje. It is bysûnder tryst, dat nei de breuk yn it kolleezje en it lymjen dêrfan, dit no al wer bart. Syn fraksje wol graach dat de ferkearsôfwikkeling oer Yn 'e Lijte yn 'e kommisje behan- nele wurdt. De hear Postma seit dat syn fraksje grutte fraachtekens set by de be- lieds- en beslútfoarmingsprosessen. It kolleezje docht alle war om riedsleden krekt net alle ynformaasje te jaan, dêrnei wurde fragen út 'e wei gien en as der dan wol in antwurd komt is it fiif foar tolven en hiel kryptysk omskreaun. Dit is gjin iepenheid en dat fait syn fraksje raar tsjin, ek fan partijen as F.N.P. en P.v.d.A. Boppedat ûntbrekt der in beliedsplanning en as dit sa trochgiet wurdt de sitewaas je aanst folslein net te bestjoeren. Sa sille der gjin kwalitatyf goede besluten troch de ried nommen wurde kinne. It is beskamsum wat der sa no en dan bart. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel. Hy freget oft der ek in anti-spekulaasjebetingst opnommen wurde kin. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje en it amtlik apparaat harren uterste bést dogge om sa goed mooglike útstellen foar de ried te meit- sjen. It kolleezje is ek iepen. Iepenheid kin trouwens ek helle wurde. It kolleezje fynt dat in anti-spekulaasjebetinkst net nedich is. In goede ferkearsôfwikkeling by de brêge wurdt alles oan dien. Dat sil nochris yn 'e kommisje oan 'e oarder komme. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De hear Aukes wurdt achte tsjinstimd te hawwen. ried IS feö 2000/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 10