- 6 - Dan slút de foarsitter tydlik de gearkomste om 21.30 oere oant 16 febrewaris 2000 om 20.00 oere. Dan wurdc der buten de gearkomste om ôfskie nommen fan de hearen Van der Baan en De Jager. De foarsitter sprekt de skiedende riedsleden ta en oerlan- get de hearen Van der Baan en De Jager in kado. Foar mefrou Van der Baan en mefrou De Jager is der in moai bosk blommen. Dan sprekt de nestor fan de ried, mefrou Santema. Ta beslút sprekke de hearen Van der Baan en De Jager elk in tankwurd út. Foar elts is der dan noch gelegenheid de hearen Van der Baan en De Jager de hân te jaan en der is foar eltsenien in hapke en in drankje Op 16 febrewaris om 20.00 weriepenet de foarsitter de gearkomste. Dan binne de hearen Van der Baan en De Jager der net. De foarsitter stelt oan 1e oarder punt 14Festiging fan in asylsikerssintrum yn Boarnsterhia. De hear Roorda seit dat alhoewolt der gjin dei foarby giet dat de me dia komme mei tryste berjochten oer de flechtelingen liket ûnder grutte groepen minsken de ôfstanlike beneiering fan it flechtelingefraachstik allinne mar liket ta te nimmen. Dat is tige spitich en it docht de flechtelingen gjin rjocht. Gelokkich binne der ek oare sinjalen út de mienskip wei. Hy lést dan in stikje út de skoalkrante fan de OSG foar dat skreaun is troch Lotte Middendorp. Flechtelingen flechtsje net foar neat. Sy wolle krekt as wy in lokkich libben. Syn fraksje is fan út 'dy maatskiplike ferantwurdlikens mei fan miening dat ek Boarnsterhim him iepenstelle moat foar de asylsikers en dêrmei foar de komst fan in asylsikersintrum foar 400 minsken. Dat is wol it minste dat Boarnster him dwaan kin. Ommers, it COA hat noch in struktureel tekoart oan op- fang. In oare reden om te kiezen foar in sintrum foar 400 minsken is dat der in sa folslein mooglik foarsjenningennivo op it sintrum wêze moat. Syn fraksje giet der fan út dat it kolleezje ree is om net allin ne saaklik alles goed te regel jen mar dat ek de rânebetingsten goed fêstlein wurde. Spesjaal omtinken moat der wêze foar in soarchfâldige yntroduksje en foarljochting. By de foarljochting kin ek de Mid- Frieslander en de Boamsterstim ynskeakele wurde. Stjoer ek goede fol ders fan it COA rûn. It soe ek goed wêze yn it iepenbier oan te jaan hoet de ferfolchproseduere der yn de tiid út sjocht. In iepen hâlding en yngean op alle fragen kin in goede start foar it AZC mooglik meit- sje. De gemeente sil aanst struktureel f 173.000,00 mear krije fan it ryk. Syn fraksje fynt dat dat bedrach net stoart wurde moat yn de alge- miene middels mar direkt as yndirekt brûkt wurde moat foar de flechte lingen foar bygelyks taalünderwiis (ek Frysk)yntegraasjeprojekten, it stypjen fan it lokale ferieningslibben op it mêd fan kultuer en sport en it ferfiersoanbod. Mefrou Veldstra seit dat der mar ien fraach oan de ried foarleit, wol de ried ja as nee in asylsikerssintrum. Har fraksje is fan betinken dat as in gemeente in beslút nimt oer al as net in AZC de ynwenners objek- tyf troch ûnpartidige saakkundigen ynformearre wurde moatte. Dat ynfor- mearjen kin net oan it COA oerlitten wurde omt it COA dúdlik in belang- hawwende partij is. Iepenheid is in wichtige skakel yn it gehiel. As der yn de mienskip draachflak is wol dy mienskip ek noed stean. Iepen heid ek as it giet om de lokaasjekar. Dêr moat net achter sletten doar- ren oer praten wurde. Der sil in omwennendenkommisje ynsteld wurde moatte dy't soarget foar it kontakt tusken it AZC en de omwennenden. De rânebetingsten út de oerienkomst mei it COA sille earst goed hifke wur- ried 15 feb 2000/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 11