- 6 -
Dan slút de foarsitter tydlik de gearkomste om 21.30 oere oant 16 febrewaris
2000 om 20.00 oere.
Dan wurdc der buten de gearkomste om ôfskie nommen fan de hearen Van der
Baan en De Jager. De foarsitter sprekt de skiedende riedsleden ta en oerlan-
get de hearen Van der Baan en De Jager in kado. Foar mefrou Van der Baan en
mefrou De Jager is der in moai bosk blommen. Dan sprekt de nestor fan de
ried, mefrou Santema. Ta beslút sprekke de hearen Van der Baan en De Jager
elk in tankwurd út. Foar elts is der dan noch gelegenheid de hearen Van der
Baan en De Jager de hân te jaan en der is foar eltsenien in hapke en in
drankje
Op 16 febrewaris om 20.00 weriepenet de foarsitter de gearkomste.
Dan binne de hearen Van der Baan en De Jager der net.
De foarsitter stelt oan 1e oarder punt
14Festiging fan in asylsikerssintrum yn Boarnsterhia.
De hear Roorda seit dat alhoewolt der gjin dei foarby giet dat de me
dia komme mei tryste berjochten oer de flechtelingen liket ûnder grutte
groepen minsken de ôfstanlike beneiering fan it flechtelingefraachstik
allinne mar liket ta te nimmen. Dat is tige spitich en it docht de
flechtelingen gjin rjocht. Gelokkich binne der ek oare sinjalen út de
mienskip wei. Hy lést dan in stikje út de skoalkrante fan de OSG foar
dat skreaun is troch Lotte Middendorp. Flechtelingen flechtsje net foar
neat. Sy wolle krekt as wy in lokkich libben. Syn fraksje is fan út 'dy
maatskiplike ferantwurdlikens mei fan miening dat ek Boarnsterhim him
iepenstelle moat foar de asylsikers en dêrmei foar de komst fan in
asylsikersintrum foar 400 minsken. Dat is wol it minste dat Boarnster
him dwaan kin. Ommers, it COA hat noch in struktureel tekoart oan op-
fang. In oare reden om te kiezen foar in sintrum foar 400 minsken is
dat der in sa folslein mooglik foarsjenningennivo op it sintrum wêze
moat. Syn fraksje giet der fan út dat it kolleezje ree is om net allin
ne saaklik alles goed te regel jen mar dat ek de rânebetingsten goed
fêstlein wurde. Spesjaal omtinken moat der wêze foar in soarchfâldige
yntroduksje en foarljochting. By de foarljochting kin ek de Mid-
Frieslander en de Boamsterstim ynskeakele wurde. Stjoer ek goede fol
ders fan it COA rûn. It soe ek goed wêze yn it iepenbier oan te jaan
hoet de ferfolchproseduere der yn de tiid út sjocht. In iepen hâlding
en yngean op alle fragen kin in goede start foar it AZC mooglik meit-
sje. De gemeente sil aanst struktureel f 173.000,00 mear krije fan it
ryk. Syn fraksje fynt dat dat bedrach net stoart wurde moat yn de alge-
miene middels mar direkt as yndirekt brûkt wurde moat foar de flechte
lingen foar bygelyks taalünderwiis (ek Frysk)yntegraasjeprojekten, it
stypjen fan it lokale ferieningslibben op it mêd fan kultuer en sport
en it ferfiersoanbod.
Mefrou Veldstra seit dat der mar ien fraach oan de ried foarleit, wol
de ried ja as nee in asylsikerssintrum. Har fraksje is fan betinken dat
as in gemeente in beslút nimt oer al as net in AZC de ynwenners objek-
tyf troch ûnpartidige saakkundigen ynformearre wurde moatte. Dat ynfor-
mearjen kin net oan it COA oerlitten wurde omt it COA dúdlik in belang-
hawwende partij is. Iepenheid is in wichtige skakel yn it gehiel. As
der yn de mienskip draachflak is wol dy mienskip ek noed stean. Iepen
heid ek as it giet om de lokaasjekar. Dêr moat net achter sletten doar-
ren oer praten wurde. Der sil in omwennendenkommisje ynsteld wurde
moatte dy't soarget foar it kontakt tusken it AZC en de omwennenden. De
rânebetingsten út de oerienkomst mei it COA sille earst goed hifke wur-
ried 15 feb 2000/6