GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de leden fan de rie fan de gemeente Boarnsterhim. Grou, 31 maart 2000. Hjirby noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in gearkomste fan de gemeenterie dy't hâlden wurde sil op tiisdei 18 april 2000 om 20.00 oere yn it riedhûs oan de Stationsweg yn Grou. De boargemaster fan Boarnsterhim, Y. Dijkstra. WURKLIST 1. It beëdigjen fan de hear S.G. Janse ta riedslid fan de gemeente Boarnsterhim. 2. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 15 febrewaris en 14 maart 2000. 3. Ynkommen stikken. 4. Utstel oangeande tydlike húsfesting fan it gemeentlik apparaat. 5. Utstel oer in beswierskrift tsjin it beslút fan de ried fan 21 septimber 1999, oangeande it fêststellen fan in planskeafersyk yn Akkrum op grûn fan kêst 49 WRO. 6. Utstel oangeande delegaasje fan it beslút ta it fêststellen fan it wizigingsbeslút op grûn fan kêst 11 WRO as bedoelt yn kêst 8, lid 7 ûnder 2 fan it bestimmingsplan Boarnstee. 7. Utstel oer it ynfollen fan de eardere helling op it Stork-Bepak terrein yn Grou. 8. Utstel oangeande in oerienkomst mei Jachtwerf De Polle B.V. 9. Utstel oangeande it nimmen fan tariedingsbesluten. 10. Utstel oer it beneamen fan bestjoersleden fan Stifting Jachtha ven Wartena. SBAGEN.RA/0/IZ/B0SMAS/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 1