- 4 - Wethâlder Bijlsma seit dat yn it kolleezjewurkprogram stiet dat der in iepenbiere swimgelegenheid bestean bliuwe moat. Ek de sporthal moat be- stean bliuwe. Op de lokaasje De Twine is ien ding seker: it plak foar de OSGFoar de rest binne alle mooglike farianten yn ûndersyk. De ried hat yn desimber besletten it kontrakt mei Sportfondsen op te sizzen. Dat betsjut dat it swimbad op dit momint mei foly wersteld wurdt en dat sadwaande der takom simmer wer swommen wurde kin. "Gelet op de plan nen..." hâldt yn dat der no oan plannen wurke wurdt dy't yn de rin fan i.t jier nei de ried takomme sille. Dat it skilderwurk dit jier net meinom- men wurdt, komt om 1t de takomst fan de sporthal en it swimbad noch net bekind binne. De Sportstichting hat oanjûn dat hy mooglik de sporthal wol eksploitearje wol. Dy oanbieding wurdt yn portefúlje hâlden oant it oan de petearen dêroer ta is De foarsitter seit dat der op hiel koarte termyn in projektútstel mei stappenplan komme sil foar de kommisje en de ried. Mefrou Santema fait it tige óf dat de Sportstichting sa'n antwurd krijt op de oanbieding. As men mei sa'n oanbieding komt moatte op syn minst dy minsken útnoege wurde foar in petear. It is har te meager dat der dizze simmer wer swommen wurde kin. We moatte swimmen bliuwe kinne ek dêrnei. As de sporthal net goed ûnderhâlden wurdt giet dy fan jo óf. Mefrou Veldstra fynt ek dat der mei de Sportstichting praten wurde moat. It oanbod moat serieus nommen wurde. Mefrou Wegman seit dat eltsenien wol dat der draachflak kreêarre wurdt foar de plannen. Op 17 febrewaris wie der in goede ynformaasjejün. Sy trunet der op oan sawol de belangengroepearings as de ried by de plan nen te belûken. Wethâlder Bijlsma seit dat de Sportstichting net oan 'e kant setten is mar yn portefúlje hâlden wurdt om 't straks in ófwaging makke wurde moat út alle mooglikheden. It kolleezje giet no ek net mei kommersjele oanbieders om 'e tafel. Hoe't de takomst fan it swimbad der út sjocht is in ûnderwerp fan stúdzje. Dan komme mooglike eksploitanten ek yn byld. It swimbad sil ek yn 2001 iepen wêze, yn hokfoar foarm dan ek. It kolleezje sil sa gau mooglik komme mei útstellen oer de ynfolling fan it gebiet achter De Twine. De hear Van der Meulen freget nei in deadline foar de realisaasje fan de plannen Wethâlder Bijlsma seit dat de artikel 19 procedure foar de OSG in dead line is. De foarsitter hat it gefoel dat de ried witte wol wannear't wat bart. Op sa koart mooglike termyn, tusken no en twa moannen, wurdt de proses- planning oan de ried foarlein. De hear Zij lstra seit dat der ek rekken mei hâlden wurde moat dat de sporthal troch ferienings út mear doarpen brükt wurdt. De hear Van der Meulen seit dat it wol hiel koart dei wurdt om foar 2001 de eksploitaasje foar it swimbad rûn te krijen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. ried 14-03-2000/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 23