- 2 - De hear Aukes seit dat it punt dêr't it om giet de oerdracht fan 'e grûn is dy't op beswieren stuitet by de eigeners en de arkebesitters. Wat hat de gemeente der foar belang by tusken de ferkeap fan de grûn te sitten. Syn fraksje stelt út it twadde punt út it útstel derbûten te hâlden, krekt sa as it ôfsluten fan De Meer, sjoen de spanning dy't der is De hear Zijlstra seit dat der lang oer dit stik praten is om 't de yn- formaasje yn earsten net sa best wie. Foar syn fraksje jildet de fraach oft dizze transaks je ridlik is. Ien ding bliuwt dan noch lizzen. De groep arkebesitters is net fanôf it begjin kend yn de ûnderhannelings De kommunikaasje mei de bewenners is dus misgien. It oerlis is út de hân rûnIt spyt him tige dat de romte der net is foar fierder oerlis. Hy stiet oan op fierder oerlis mei de arkebewennersIt kolleezje hat wol alle war dien de rjochten en plichten fan de arkebewenners te ga- randearjen. Syn fraksje trunet der op oan it útstel 14 dagen oan te hâlden en gean earst mei de arkebewenners om tafel. De heer Smittenberg zegt dat hij bij punt 2 van het besluit nog enkele vragen en opmerkingen heeft. Er zal eerst juridische zekerheid moeten zijn over de eigendom van de grond voordat tot overdracht kan worden overgegaan. In de overeenkomst is wat dat betreft geen ontbindende voorwaarde opgenomen. Voor het maken van de oeververbinding staat een termijn van 3 maanden. Is dat wel een houdbare voorwaarde? üit de uitvoerige correspondentie blijkt dat men twijfel heeft over de recht matigheid van het raadsbesluit. Men heeft zorg over de relatie met 'de nieuwe eigenaar. Naar zijn mening is dat geen zaak meer voor de gemeen te. Men heeft bezwaar tegen de afsluiting, maar die afsluiting is in het convenant Staandemast-route opgenomen. De afsluiting hoeft niet meer te zijn dan een slagboom of iets dergelijks. Men voelt zich over vallen door de handelwijze van de buurman, in dit geval de gemeente. Tot zijn spijt moet hij constateren dat dit toch een probleem blijft. Het college neemt een belangrijk besluit en direct belanghebbenden ver nemen daar pas van na de commissie. Dat levert gevoelens van onvrede op. De hear Postma seit dat syn fraksje it iens is mei de oare sprekkers as it oer de kommunikaasje giet. Yn in earder stadium naam de ried de be slissing ta it ta stân bringen fan de Steandemêst-rûte mei in brêge oer de Nauwe Golle dêryn. It krijen fan romte foar dy brêge soarget foar oerlêst foar Yn 'e Lijte, ferlies fan lisplakken en fermindering fan ynkommen. Dat dit kompensearre wurdt is neat mis mei. Is de kompensaas- je yn lykwicht mei de oerlêst ensafuorthinne? De wethâlder hat sein dat dit kwalitatyf sjoen sa is. Der is ek frege wat it nut is fan de stap oer De Meer troch Yn 'e Lij te. Utslútsel dêroer is net jûn troch it kolleezje. Mei D66 is syn fraksje fan betinken dat as in ünderdiel fan de oerienkomst net trochgiet der skeaklaims te ferwachtsjen binne. Syn fraksje hat gjin muoite mei de punten 1 en 3 fan it beslút. Mei punt 2 sil hy net ynstimme. Mefrou Veldstra seit dat de gemeente yn in ridende trein sit, yn gong set troch it eardere kolleezje. Der út stappe kin net mear. Dat it be- slút fan 19 oktober 1999 dizze gefolgen hawwe soe, hie har fraksje foarsein. Har fraksje stimt mei mingde gefoelens yn mei it útstel, út- sein punt 2. Sy begrypt net hielendal hoe't it kolleezje de rjochten en plichten fan de arkebewenners beskermje wol. Punt 2 kin better út it beslút helle wurde. ried 15 feb 2000/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 7