- 4 - Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje it beslút net útstelle wol. Hy fielt besluteleasheid yn de wurden fan de hear Zijlstra en dat kin no krekt net mear. Punt 2 fan it beslút kin net út it beslút helle wur- de. It kolleezje woe net garant stean foar in jierliks bedrach oan Yn 'e Lijte. It stappenplan foar de Steandemêst-rûte is al tasein yn de kommisje. Juridysk sjoen is der gjin belang foar de arkebewennersIt muoit it kolleezje dat der gjin ienheid is fan de trije kolleezjepar- tijen. It kolleezje wol de kolleezjepartijen wol temjitte komme as it kin. As it net kin hildt it kolleezje de rêch rjocht. Der binne gjin klaims te ferwachtsjen fan Yn 'e Lijte, alles, ek de eigendomssitewaas- je, is ûnderwurp fan it oerlis west. Dat kin ek wol yn de akte opnommen wurde De foarsitter befêsticht dat der in taheakken yn de oerienkomst dellein wurde sil en sadwaande sil de soarch foar de arkebewenners ek skriftlik fêstlein wurde. As bliken docht dat der in oare eigendomssitewaasje is dan sil dy respektearre wurde, sawol fan de kant fan de gemeente as fan Yn 'e Lijte. De hear Zijlstra freget om in tydlike sluting fan de gearkomste. De foarsitter slút dan de gearkomste tydlik om 20.18 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 20.55 oere. De hear Zijlstra fynt it wol spitich dat de gearkomste wer tydlik slu- ten wurde moast. Mar oerlis wie wol nedich. Jûn wurdt der ôfskie nommen fan twa riedsleden en dat makket dat syn fraksje fynt dat dit punt gjin kabinetskrisis wurdich is. Dêrom giet syn fraksje akkoart mei it út- stel. Hy hopet al dat it kolleezje better harkje wol nei de kolleezje- partijen P.v.d.A. en P.N.P. Dan freget de hear Van der Meulen om in tydlike sluting fan de gearkom ste De foarsitter slút dan de gearkomste om 20.57 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 21.08 oere. De hear Van der Meulen seit dat de trije net-kolleezjepartijen konsta- tearje dat op 'e nij de trije kolleezjepartijen ynhâldlik it útstel fan it kolleezje net stypje. De motivearring fan de fraksje fan de P.v.d.A. en F.N.P. om no foar te stimmen is basearre op in gelegenheidsargumint Dit sil it stimgedrach fan de trije net-kolleezjepartijen mei bepale. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Nei de te hâlden persoanlike stimming docht bliken dat it wizige útstel fan it kolleezje mei 9 stimmen foar en 8 dêrtsjin oannommen is. Tsjin- stimd hawwe de leden Van den Berg, De Jager, Jonkers, Van der Meulen, Postma, Santema, Smittenberg en Aukes. 5. Utstsl oer transaksjes oangeande skiphuzen Nauwe Galle yn Grou. De hear Aukes seit dat him de oankeap fan de skiphuzen tsjinstiet. De kosten binne 1,6 miljoen foar oankeap skiphuzen en it ôfbrekken dêrfan en dan hawwe we neat. Ferkeap fan oare grûn smyt 1,3 miljoen op. In pracht ferhaal, mar likegoed in Belgemop: it gat yn de grûn wurdt tich- te troch earne oars ek in gat te graven en dy grûn dêrfoar te brûken. ried 15 «eb 2000/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 9