-11 - Mevrouw Van den Berg zegt dat het haar verbaast dat de fractie van de F.N.P. niet het vertrouwen aan het college wil geven om een langslepen de kwestie op te lossen. Het is pijnlijk dat een collegepartij zich telkens weer onttrekt aan de verantwoordelijkheid. Zij kan zich herin neren dat juist de F.N.P. heel graag een oplossing wilde voor deze zaak. Haar fractie complimenteert het college met dit positieve voor stel Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje net it ferlet hat yn te gean op de diskusje oer de sletten byienkomsten. Yn de gearkomste fan 31 janne- waris is ynformaasje jûn en elts riedslid is frij dêrhinne te gean. De foarsitter seit dat it in misferstân is te ûnderstellen dat alles him yn de iepenbierheid ôfspylje kin. De wet jout de mooglikheid yn in tal sitewaasjes achter sletten doarren te praten, sa as ekonomyske be langen en persoanlike belangen. It soe net goed wêze dat de ried wol dat der nea achter sletten doarren praten wurdt om 't in riedslid dan syn ferantwurdlikens net ynfolle kin. De hear Janse seit dat syn fraksje it measte beswier hat tsjin de wize dêrt dit op gongen isDe sletten gearkomste wie in bswier dêroerhin- ne. Syn fraksje hat der nea achteroan west dit op te lossen mar altiten fûn dat de hear Wester gjin rjochten yn dizzen hat. Fan it C.D.A. seit hy dat dy foarkar foar sletten gearkomsten hat Mevrouw Van den Berg ontkent dit ten stelligste. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan de F.N.P. wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 9. Utstel oangeande it nimmen fan tariedingsbesluten. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. 10. Utstel oer it beneamen fan bestjoersleden fan Stichting Jachthaven War- tena. By akklamaasje wurde beneamd de hearen Soet, Leenstra en Mink. 11. Utstel ta it goedkarren fan de jierrekken 1998 en de begrutting 2000 fan de Stichting Jachthaven Wartena. Mefrou Santema komplimentearret de jachthaven mei dizze jiersifers. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel evaluaasje WVG 1999. Mefrou Veldstra seit dat út de evaluaasje bliken docht dat de útfiering fan de WVG nei tefredenheid ferrint. Der binne in tal winsken fan it WVG-platfoarm dy't sy graach behannelje wol yn de kommisje. Mefrou Santema seit dat dizze evaluaasje hiel posityf is. Dit ferfier stiet goed op poaten en de klanten binne tef reden. Wat goed is, moat net feroare wurde. Mefrou Wegman slút har oan by de foarige sprekkers. Sy freget oft der ek fierder praten wurde sil oer de ûntwikkelingen yn it ferfier. Yn de kommisje hat sy ek frege nei punt 5 fan de gearfetting. Ek graach dê- roer mear meidielings yn de kommisje. ried 18 april 2000/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 13