- 2 - Númer 8: De hear Zijlstra en mefrou Santema wolle de moasje graach yn de kommis- j e besprekke Wethâlder Oosterhof seit dit ta. Nûmer 9: Mefrou Veldstra wol graach yn de kommisje prate oer hoe't it no fierder moat Wethâlder Bij lsma seit dat de fuortgong fan de OSG in fêst punt is op de wurklist. It muoit de gemeente en de wurkgroep dat it net slagge is fierder te kommen mei Oostergoo. De wurkgroep heft himsels lykwols net op. Der is ôfpraat it realisearjen fan in teatersaal by it gemeentehûs te besjen. Nûmer 10: De heer Jonkers zegt dat het om de brug in de Garde Jagerswei gaatHet blijkt dat een iets bredere brug wel 1,5 miljoen meer zou moeten kos ten, dat is nog meer dan dat de brug van 3,5 meter kost. Hij vindt dat op zijn minst wel vreemd. Wethâlder Oosterhof seit dat der in ferliking mei de Tútsebrêge makke is Nûmer 11: De heer De Jong is benieuwd naar de reactie van het college op het rap port en die reactie zou hij graag in de commissie willen bespreken. Nûmer 12: Mefrou Santema wol dit stik graach yn de kommisje behannelje. Wethâlder Bouma seit dit ta. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 4. Utstel oangeande tydlike húsfesting fan it gemeentlik apparaat. De hear Roorda seit dat dit útstel by syn fraksje in dûbele réaksje op- ropt. Oan 'e iene kant is dêr de oertsjûging dat der wat barre moat oan de besteande húsfestingsproblemen. Oan de oare kant de hichte fan it ynvestearringsbedrach. Mei de ûnderdielen feiligens en kommunikaasje hat syn fraksje gjin muoite. It is posityf dat no ek de hierfariant op tafel leit. Syn fraksje hie de ferwachting dat de nijbou fan it nije gemeentekantoar op in ridlike termyn útein sette soe. Dat wie ek ien fan de arguminten om te kiezen foar de lokaasje achter De Twine. As it slagje soe gauer it nije gemeentehûs te bouwen soe it logysk wêze guon ûnderdielen út dit útstel te heljen yn goed oerlis mei it personiel en it finansjele foardiel soe dan brûkt wurde kinne foar ekstra fasilitei- ten yn it nije kantoar foar de amtners. Ut it stappenplan docht lykwols bliken dat it nije gemeentekantoar net foar septimber 2002 klear wêze sil. Is it mooglik it kantoar op koartere termyn te realisearjen? Wêr is de fertraging troch ûntstien? Komt dat troch de keppeling mei oare saken sa as it swimbad, de sporthal en eventueel de teaterseal? Is it net mooglik de bou fan it gemeentekantoar los te keppeljen fan al dizze oare saken? Syn fraksje wol earst it antwurd fan it kolleezje ôfwachts- je. De hear Aukes seit dat der al lang mei it gemeentekantoar omtangele is Eltse kear as it oan 'e oarder kaam wiene de mieningen nochal ferdield. ried 18 april 2000/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 4